Springe nei ynhâld

Joris Pieters van den Broeck

Ut Wikipedy

Joris Pieters van den Broeck (1610 - 27 augustus 1652) wie in Fryske marine-ofsier yn tsjinst fan de Admiraliteit fan Fryslân.

De Slach by Duins

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foar de slach by Duins, Reinier Ooms

Yn de dagen foar de Slach by Duins hie Maarten Harpertssoan Tromp posysje keazen foar de kust by Dúntsjerk. Joris Pieters van den Broeck, dy't it kommando hie oer in Frysk roeifregat, de Rotterdam, wie ien fan syn kapteins. Fanwegen Tromp gong it skip op ferkenning út en waard de Spaanske float fûn by La Coruña. Nei it ferslach fan Van den Broeck besleat Tromp om oan 'e slach te gean. Yn de seeslach waard Van den Broeck nei Calais stjoerd om in nije foarrie krûd te heljen. Op in letter stuit slagge it Van den Broeck in Spaansk galjoen mei 140 man en achtjin kanonnen te feroverjen. In huzarestik, om't syn skip mar tsien stik geskut hie.

Op 18 oktober 1640 slagge it him om in fregat fan de Dúntsjerker kapers mei 72 man en acht kanons te feroverjen en werom te farren nei Dokkum. Yn maaie 1642 ferôvere er net allinne in stki as wat Dúntsjerker fiskersboaten, mar ek wer in Dúntsjerker fregat fan tachtich koppen en tolve kanons. Yn augustus 1642 twong er in fregat mei 14 kanons oan de grûn, mar ek ferôvere er in fregat mei 140 man en tweintich stikken, en dat mei in folle lytser skip. Yn 1644 waard Van den Broeck ekstra-ordinaris kapitein, in soarte fan fêste oprop, nei alle gedachten ek by de admiraliteit fan Fryslân.

De Slach by Plymouth

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de oanrin fan de Earste Ingelske Oarloch waard Van den Broeck op 3 maaie 1653 wer beneamd ta gewoan kaptein. Yn de Seeslach by Plymouth op 26 augustus 1652 farde er ûnder Michiel de Ruyter mei it skip De Westergo. De Ruyter wie fise-kommandeur fan it eskader, Van den Broeck wie mei de rang fan waarnimmend skout-by-nacht de twadde man. De jûns nei de slach, op 27 augustus stoar Van den Broeck oan de gefolgen fan in sykte.