Springe nei ynhâld

Kristoffel Middaghten

Ut Wikipedy
Portret van Christoffel Middaghten fan Andries van Buysen (17e iuw)

Kristoffel Middaghten (Seisbierrum, 1665 - Boalsert, 1723) wie skout-by-nacht fan de Fryske Admiraliteit en kartograaf.

Hy begûn syn karriêre as walfiskfarder. Op lettere leeftyd belâne hy by de Admiraliteit, wêr't hy yn 1690 ta kapitein beneamd waard. Yn 1692 waard hy kommandant op it slachskip de Frisia mei har 64 kanonnen. Yn 1704 naam hy, ek as kommandant diel oan it bombardemint fan Gilbraltar. As hy yn 1705 beneamd wurdt ta skout-by-nacht fan de Admiraliteit fan Fryslân set hy him benammen yn foar ferbettering fan de kwaliteit fan te bouwen oarlochsskippen. Op dit mêd jout hy ek in boek út. Op syn reizen hat hy ûnder oare seekaarten makke fan wetters om Ingelân en Noarwegen.

  • Atlas van 13 Zeekaarten. Harns 1717. F. Schotsman.
  • Zee-Atlas, bevattende 20 zee- en kustkaarten van Europa, groot atlas formaat, fraai gekleurd, met portret van den maker, bevindt zich in de boekerij van het Friesch genootschap van Geschied, Oudheid- en Taalkunde. Daarbij behoort een Berigtschrift. Amst. 1708. 4o.
  • Nieuw bericht der scheepsbouw. Harns 1712, 1714, 1717 (3e pr. feroare en ferbettere) 1721 (4e pr. troch M. hielendal omwurke). In eksimplaar derfan mei eigenhannige ferbetterings fan de skriuwer, waard yn Harns op de auksje Fontein no. 186 ferkocht.
  • Noodige verbeteeringe voor de zeevaart Harns 1721. 4o.
  • Groot verbeterd Straatszeeboek, met de kaarten van Klaas de Vries. Amst. 1719. fol.
  • De nieuwe Lootsmans wegwijzer. Amsterdam by de Widdo Loots en J. Smyters.