Boalsert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boalsert (stêd))
Boalsert
Flagge fan Boalsert Wapen fan Boalsert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Boalsert
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2013) 10.140
Webstee Webstee fan Boalsert
Satellytfoto fan Boalsert
Dizze side giet oer de stêd Boalsert. Foar de eardere gemeente, sjoch: Boalsert (gemeente).

Boalsert is in Fryske stêd, dy't diel útmakket fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan 'e Fryske alve stêden, dy't yn it súdwesten fan 'e Greidhoeke leit, op likernôch 12 km noardwestlik fan Snits. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 foarme Boalsert mei syn klokslach de gemeente Boalsert. De stêd hie yn 2013 goed 10.000 ynwenners, en beslacht in oerflak fan 9,42 km² (wêrfan 0,29 km² oerflaktewetter). Ta Boalsert heart ek de buorskip Laad en Saad.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boalsert is ûntstien op in trijetal terpen, dêr't yn alle gefallen de âldste, dêr't de Sint Maartenstsjerke op stiet, datearret fan foar it begjin fan de jiertelling. De Broeretsjerke, yn 1980 troch brân ferneatige en no as ruïne bewarre, is it âldste gebou fan de stêd en komt foar in part út de ein fan de 13e iuw. Ek út de midsiuwen stammet it merakelse Mariabyld Us Leaffrou fan Sânwâlden, tsjintwurdich bewarre yn de Sint Fransikustsjerke oan de Dijlakker.

Boalsert krige stedsrjochten yn 1455 mei troch de ferneamde reedner pater Brugman. Boalsert wie ien fan de Hânzestêden.

It stedhûs dat boud waard om 1615, stiet symboal foar de bloei fan de stêd yn de 17e iuw. It waard yn 1765 fergrutte en ferfraaid yn de rokokostyl. Yn de twadde helte fan de 18e iuw rûn it ynwennertal werom fan 2.878 ynwenners yn 1748 nei 2.500 ynwenners. De pleatslike tekstylyndustry hie slim te lijen ûnder de bûtenlânske konkurrinsje; de bûter- en tsiismerk hie lêst fan de feepest, dy't op it Fryske plattelân omgong.

De Patriottetiid yn Boalsert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side De Patriottetiid yn Boalsert.

De patriotten yn Boalsert hellen tusken 1782 en 1789 lanlike oandacht fan de parse. De ynfloedrike boargemaster Van Hiemstra waard passearre, de froedskip hâldde har âlde grutte, der waard in frijwillige skutterij oprjochte en Boalsert wie de ienige stêd dy't yn septimber 1787 de Pretenske Steaten yn Frjentsjer erkende.

Boalsert as beafeartsoarde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Us Leaffrou fan Sânwâlden.

Yn de Sint Fransikustsjerke oan de Dijlakker wurdt it merakelbyld Us Leaffrou fan Sânwâlden bewarre, ien fan de âldste merakelbylden fan Nederlân. It byld sels is 13e-iuwsk, mar de devoasje is yn de 16e iuw ûntstien.

Stedhûs Boalsert
Bordes fan it stêdhûs fan Boalsert
Foargevel fan it stêdhûs fan Boalsert
Fragmint houtfykwurk troch Japick Gysberts - stêdhûs Boalsert
Houtfykwurk yn de riedsseal fan Boalsert troch Japick Gysberts, heit fan Gysbert Japicx
De Appelmerk (2005)
Wolkom yn Boalsert
Broeretsjerke

Weeshûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de begoedige widdo Hid Hero waard yn 1553 it weeshûs fan Boalsert stifte. Hja joech in fêste en ivige rinte totten bouwe van dien, ende onderholdinghe van twaleff guede, olde burghers schamele Weeskynden. Har testamint makke se yn 1561. Nei in lange list fan (tsjerklike en wrâldske) begeunstigers beneamt hja foar de rest fan har besittings de Weeskinderen ofte ’t Weeshuis binnen Bolswert, tot onderhoudinge van de Weeskinderen, daarin woonagtig zijnde, welk Weeshuis bij haar t’ oudstijde gesticht is ta har erfgenamten. Om oan mear ynkomsten te kommen wurdt in komelkerij molkenkelder yn it weeshûs sels eksploitearre.

In iuw nei de stifting blike der mear as 30 wezen fersoarge te wurden, dêr't jierliks 3.000 karolusgûnen foar nedich binne. De ynkomsten binne mar de helte sadat it bestjoer fan de stêd der jild by lizze moat. Yn 1681 krijt it Weeshûs it allinnerjjocht op de ferkeap fan grêfkisten yn Boalsert. De wichtichste boarne fan ynkomsten is troch de iuwen hinne lykwols de pachtopbringst en de grûnrinten fan de pleatsen en losse stikken lân dy't it weeshûs middels legaten en skinkingen krigen hie.

It grutste oantal wezen hat it weeshûs yn 1709, as der 72 wezen fersoarge wurde. Mei yngong fan 1951 waarden ek bern opnomd dy't troch it Ministearje fan Justysje út hûs pleatst waarden. De neidruk kaam hieltiten mear te lizzen op de jeugdsoarch en minder op de soarch foar weesbern. Skaalfergrutting yn de Jeugdsoarch hat yn 1990 laat ta opheffing fan it bernetehûs dat de opfolger fan it Weeshûs wie. It gebou oan de strjittekant bleau eigendom fan de Stichting “It Weeshûs”, de efterlizzende gebouwen waarden ferboud ta hotel-restaurant. Yn de âldheidkeamer is in fitrine ynrjochte mei foarwerpen út it eardere Weeshûs. It giet om foarwerpen dy't brûkt waarden troch de fâden en troch de wezen. Sa is der in kollektebus dêr't jild mei oprûn waard foar it hûs.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedhûs fan Boalsert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch Stedhûs fan Boalsert

Stedswapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stedswapen is fan goud beladen mei in dûbele swarte earn. It skyld bedutsen mei in kroan en oan wjerskanten fêsthâlden troch in klimmende liuw yn natuerlike kleur. De liuwen binne omsjend en de kroan is in kroan fan de keizer

Wannear't it wapen krekt ûntstien is en wêrom't der foar de keizerlike earn keazen is, is net alhiel dúdlik. It wapen komt yn alle gefallen foar yn 1455. Op munten út dat jier stiet de dûbele swarte earn. Nei alle gedachten komme it wapen en de kroan fan de keizer en ôflaat fan de Dútske Hânze dêr't Boalsert by hearde. De Hanze hie de dûbele earn op it wapen. Nei it besetten fan Fryslân yn 1523 troch Keizer Karel V waard it wapen befêstige troch de Keizer. De kroan fan de keizer is troch de jierren hinne troch it stêdsbestjoer in stikmannich kearen ferfongen troch de fiifblêdige (kenings)kroan. By de oanfraach fan 1815 waard wol wer om de kroan fan de keizer frege. Op segels fan de stêd komt de earn krekt oan de ein fan de 15e iuw foar. Op it 131le segel, fan 1331, stiet allinne in kastiel neamd. Op trije wapens út de 15e en 16e iuw stiet allinnich de dûbele earn. It grutsegel fan 1640 lit it wapen ûnder in Goatyske nis mei Sint Marten sjen.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boalsert hat trije buertferienings: De Blauwpoarte, plan Noard II en de Nije Buertferiening (NBV)

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fuortset ûnderwiis - Marne Kolleezje: Middelbere skoalle foar VMBO, LWOO, HAVO, VWO, TTO. De skoalle hat meardere lokaasjes.
  • Basisûnderwiis - De Opbou, Sint Maarten, De Blinker en De Bron.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende Boalserters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende keunstners út Boalsert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Posten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e stêd binne der noch in tal lytse brechjes dêr't de nammen fan útrinne op post. Eartiids waard in ienfâldige houten fuotbrêge ek wol post neamd. Dat begryp fynt men ek noch yn 'e doarpsnamme Bûtenpost werom.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle Strjitten fan de stêd Boalsert.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren