Bûtenpost

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Bûtenpost
Map NL Achtkarspelen Bûtenpost.png Doarpsgebiet fan Bûtenpost yn de gemeente Achtkarspelen
Flagge Wapen
Buitenpost vlag.svg Buitenpost wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 5.767 (↓) (2021) [1]
Oerflak 18,50 km²
wêrfan lân: 18,4 km²
wêrfan wetter: 0,10 km²
Befolkingstichtens 313 ynw. / km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flag of Achtkarspelen.svg Achtkarspelen
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' 07" N 6° 08' 41" E
Webside Side Bûtenpost

Bûtenpost is in doarp yn it easten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It is it haadplak fan 'e gemeente Achtkarspelen. Bûtenpost leit yn it noardeastlike part fan dy gemeente. Bûten Achtkarspelen stiet Bûtenpost benammen bekend om it Konkoers Hippyk Bûtenpost, dat der elts jier op 'e earste woansdei fan augustus holden wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûtenpost leit yn it noarden fan Achtkarspelen tusken Grins en Ljouwert en dy lizzing is fanâlds fan belang west foar dit grinsdoarp. Bûtenpost is earder ûntstien út it oangrinzjende buorskip Lytsepost. De namme Bûtenpost ferwiist nei bûtenste wacht of fuotbrêge dy't eartiids post neamd waarden. Stadichoan fêstigen har der leden fan foarname Fryske famyljes; rouboerden yn de Marijetsjerke binne dêr stille tsjûgen fan. Eartiids wie hjir Boelensstate. Yn de 19e iuw begûn Bûtenpost foardiel te lûken út de lizzing tusken twa haadstêden. It doarp waard pleisterplak foar de postweinen. De hynders ferdwûnen nei't yn 1866 de it spoar tusken Grins en Ljouwert iepene waard en kamen der auto's.

Yn 2013 kaam der in omwei east fan it doarp fan de rotonde yn it suden nei it buorskip De Lêste Stoer. Dy omwei krige de namme 'Bûtenom' en krúst it spoar ûngelyk middels in brêge. It moat de oplossing wêze foar it drokke ferkear yn it sintrum fan Bûtenpost. De nije dyk hat in ôfslach nei yndustryterrein De Swadde. Tusken it doarp en de omwei waard de nij wenwyk Bûtenpost-Súd boud.

Flagge en Wapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûtenpost hat yn it ferline in skoft by Westerkertier yn Grinslân heart. No't it al iuwenlang yn Eastergoa yndield en haadplak fan Achtkarspelen is, waard foar it wapen ek oansletten by Eastergoa: yn read twa sulveren dwersbalken mei as oanfolling wapenfigueren dy't mei Bûtenpost te krijen hawwe.

Doarpswapens wurde faak ôflêzen fan de wynwizer of -roas oan it krús op it koer fan it tsjerkedak. Yn Bûtenpost stiet dêr in swart metalen krús mei in krânse fan acht leeljes (in Marije-embleem). De acht gouden leeljes binne oer de reade dielen fan it skyld siedde yn de getalsferhâlding 3:3:2. De twa sulveren dwersbalken binne elk mei in figuer yn Eastergoa-kleuren belein mei op 'e midden fan de boppeste balke in seispuntige stjer. Yn de Fryske heraldyk is dit in saneamde "liedstjer", dy 't ferwiist nei de bestjoerlike lieding fan it gemeentehûs dat yn Bûtenpost stiet. Bûten Bûtenpost stiene eartiids in oantal aadlike states, lykas Jeltingastate en Herbrandastate. Fan alle famyljewapens fan de eigeners fan dy states, stiene yn trijefjirde diel ien of mear roazen. As ferwizing hjirnei stiet in reade roas yn de midden fan de ûnderste balke.

De liedstjer èn de leelje komme werom yn de doarpsflagge fan Bûtenpost. Alhoewol't de flagge net offisjeel is, hat Pleatslik Belang de flagge yn 2007 op'e nij yntrodusearre as symboal fan it doarpseigene.[2]

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jeltingahûs

Yn Bûtenpost stiet ek it gemeentehûs fan Achtkarspelen. It peil fan foarsjenningen en de lizzing soargje dat Bûtenpost in groeiende wenfunksje hat. Der is ek in oerdekt swimbad ('De Kûpe') en in sporthal('De Houtmoune'). De doarpskrante is in inisjatyf fan Pleatslik Belang en hjit "De Binnenste Bûten". Bûtenpost hat fanâlds wat hân mei hynders. Elts jier is der yn july-augustus in feestwike mei aktiviteiten as in merke in merk en in konkoers Hippyk.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marijetsjerke

Skoallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuortset ûnderwiis:

Iepenbiere Skoalle Mienskip Nordwin Kolleezje (fmbû en mbû-grien)
Kristlike Skoalle Mienskip Lauwers Kolleezje (gymnasium, fwû, hafû en fmbû)

Basisskoallen:

Kristlike basisskoalle 'De Lichtbron'
Grifformearde (frijmakke) basisskoalle 'De Fontein'
Iepenbiere basisskoalle 'De Mienskip'
Haersma State
Alde gritenijhûs

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1955 1960 1965 1970 1973 1990 1992 1994 1996 1998 2000 2002 2004 2006 2009 2021
Ynwenners 2.689 2.814 3.123 3.600 4.049 5.498 5.552 5.602 5.625 5.632 5.639 5.650 5.719 5.762 5.785 5.767

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mûnts fan Bûtenpost
  • Mariatsjerke
  • De Mûnts, in oarspronklik út 1871 datearjende muonts.
  • Iistidenmuseum, mei alderlei archeologyske fynsten út de iistiid yn Bûtenpost.
  • Der steane ferskate keunstwurken yn it doarp. Yn juny 2009 is der in nij keunstwurk setten op de hoeke fan it Nijenstijn Plein, in keunstwurk fan Hans Jouta út Ferwert. It wurk is fjouwer meter heech en hat de foarm fan in hynstesturt.
  • Jeltingahûs

Fierders hat Bûtenpost de grutste botanyske krûdetún fan Nederlân. Dit is Botanyske Tún De Kruidhof. Op de lokaasje fan 3,5 bunder binne bysûndere plantekolleksjes te besjen, lykas in flintertún en in ôfdieling mei túnkrûden en genêskrêftige planten.

Op 'e earste woansdei fan augustus wurdt yn Bûtenpost elts jier it Konkoers Hippyk Bûtenpost holden. Dat is ien fan 'e grutste hynsteporteveneminten yn Fryslân. Fierders waard op 14 july 2018 foar it earst de Feteranedei fan Achtkarspelen holden.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûtenpost leit oan it spoar Grins-Ljouwert. Yn beide rjochtingen kin men trije kear yn 't oere op de trein stappe. Twa dêrfan binne stoptreinen en ien is in sneltrein. It spoar en de Rykswei hawwe in soad bydragen oan de ûntwikkeling en ek de lizzing is fan grut belang.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Bûtenpost.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Binnenbuitenpost.nl, oproppen 2 maaie 2022
 
Plakken yn de gemeente Achtkarspelen
Flagge fan de gemeente Achtkarspelen
Haadplak: Bûtenpost
Doarpen en útbuorrens: BoelensloaneDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen: BlauhûsBlauforlaetBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part) • De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden