Fonteintsjerke (Bûtenpost)
Fonteintsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | De Achtkant 48 | |
koördinaten | 53° 14' N 6° 08' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Grifformearde Tsjerken frijmakke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1977 útwreiding 1993 | |
Webside | ||
Side Frijmakke gemeente, Bûtenpost | ||
Kaart | ||
De Fonteintsjerke is de tsjerke fan de grifformeard-frijmakke gemeente fan Bûtenpost.
Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grifformeard-frijmakke gemeente fan Bûtenpost ûntstie yn 1945, nei't likernôch 130 minsken harren losmakken fan de grifformearde gemeente, dy't trou bleau oan de synoade.
Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De frijmakke grifformearden tsjerkten ynearsten yn in Nutsgebou oan de Kuiperswei. Yn 1949 ferhûze de gemeente nei in echt tsjerkegebou oan de Irenestrjitte 12, dy't neffens in ûntwerp fan P. van Loo oplutsen wie.[1] It gebou waard te lyts en yn 1977 liet de gemeente troch de arsjitekt De Vries út Droegeham in nije tsjerke bouwe oan De Achtkant, wêr romte wie foar 160 minsken. Fanwegen de oanwaaks fan nije leden moast de tsjerke yn 1993 wer fergrutte wurde. Fyftjin jier letter wie de tsjerke wer te lyts. Yn 2008 waard de neffens tekeningen fan it Ljouwerter arsjitektenburo Klamer ferboude Fonteintsjerke op 'e nij iepene. De tsjerke biedt no plak oan 500 minsken.[2]
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel fan de Fonteintsjerke waard yn 1977 kocht fan de herfoarme Maranathatsjerke yn Lunteren. Oarspronklik stamt it ynstrumint út 1860. De oargelmakker Norbertus Stephanus Leijser boude it doe ienmanualige oargel mei njoggen registers foar de herfoarme tsjerke yn Gendt. Yn de jierren 1950 waard it oargel, dat oan it ein fan de Twadde Wrâldkriich slim skeind rekke, renovearre. Brek oan jild makke dat it oargel fan de njoggen mar fiif registers oer hold. It ferhûze yn 1968 nei Lunteren, dêr't it yn in modern front kaam te stean. By dizze gelegenheid krige it oargel in frij pedaal en waard it oargel útwreide nei twa manualen. Ek waarden der nije registers tafoege. Yn 1977 fûn der noch ris in útwreiding fan it ynstrumint plak mei in dwerswurk fan fiif stimmen. Om't de tsjerke yn Lunteren in grutter oargel ha woe, waard it oargel yn 1996 te keap oanbean en sa kaam it yn de Fonteintsjerke telâne.
It Grinslânkse oargelbedriuw Mense Ruiter fersoarge de restauraasje en de oerpleatsing fan it ynstrumint nei Bûtenpost. It ynstrumint, dat mei de oerpleatsing op 'e nij útwreide waard mei trije registers, waard op 30 juny 1999 yn gebrûk nommen.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|