Droegeham

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Droegeham
Himrik fan Droegeham
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 27
Ynwenners (2008) 1749
Huzen 700
Koördinaten 53° 12' NB, 6° 6' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9289
Webstee www.drogeham.com


Tsjerke Droegeham

Droegeham (pleatslik ek De Ham) is in doarp yn it westen fan de gemeente Achtkarspelen [1] It doarp leit oan de súdkant fan it Prinses Margrietkanaal. Droegeham leit op in sânkop wêrtroch't it doarp yn it ferline by oerstreamings drûch bleau. De namme is rjochtstreeks ôflaat fan de lizzing; in drûge lântonge tusken it wetter. Ham betsjut ek in fan de dyk ynsletten stik lân.

It doarp wie earder yn haadsaak rjochte op de lânbou. Tsjintwurdich hawwe in soad fan de ynwenners harren wurk yn omlizzende plakken lykas Drachten, Ljouwert en Surhústerfean.

De NAM boarre yn 2007 opnij nei gas by Droegeham. By it doarp waard yn 1980 ek al nei gas boarre, mar dat waard dêr doe net fûn. Der wurdt tocht dat it der wol wêze moat.

Hamster Klokkestoel

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dorpskrante fan Droegeham hjit "Brinkpraat".
De 'Tarissing' is de basisskoalle fan it doarp.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fuotbalferiening Droegeham - fuotbal
  • All together - gospel
  • Mei fleur en faesje - toaniel
  • Dacapo - brassband
  • Sterke Yerke - folleybal
  • De Delte - tennis
  • The Slotstee Bulls - darts

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It grutste evenemint yn Droegeham is de "Gondelfeart op Tsjillen" dat elk jier yn septimber holden wurdt en dêr't tûzenen minsken op ôf komme.
  • Oare weromkommende eveneminten binne "De Ronde fan de Kerspelen", in hurdfytsronde foar amateurs en in grut Concours Hippique.
  • In 'Droegehamster' is ek de beneaming fan in net al te fette ko.
  • Jan Dotinga, de Fryske skriuwer, wie fan 1969 oant 1985 haad fan legere skoalle fan Droegeham. Oant 1992 wie er dêr learaar by it basisûnderwiis.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Droegeham.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fan 2015 ôf soe de nije stavering de skriuwwize Drûgeham opsmite, mar dan moat de gemeenteried dy earst fêststelle.