Klaas Fokkinga

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Klaas Fokkinga
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 1953
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
partij FNP
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 2020 – ....
foargonger Johannes Kramer
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 20152019
gemeenteriedslid yn
Dongeradiel
amtsperioade 20102015
offisjele webside
Klaas Fokkinga op Twitter

Klaas Fokkinga (1953) is in Frysk FNP-politikus út Nes yn Noardeast-Fryslân.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 kaam Fokkinga foar de Fryske Nasjonale Partij yn 'e gemeenteried fan Dongeradiel. Dêrnei siet er fjouwer jier yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân. Nei de Steateferkiezingen fan 2019 gong Fokkinga út de Steaten, al bleau er wol aktyf foar de provinsjale fraksje fan de FNP. Hy wie aktyf yn de Steateseksje Lân, Loft en Wetter.[1]

As deputearre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei yngong fan 2020 folge Fokkinga Johannes Kramer op as deputearre. Kramer waard boargemaster yn de gemeente fan Fokkinga, Noardeast-Fryslân.

Fokkinga waard foardroegen as syn opfolger troch in advyskommisje ûnder lieding fan Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. Hy sil de portefúlje fan Kramer oernimme. Dat betsjut dat er him ûnder oare dwaande hâldt mei de stikstofkrisis yn Nederlân. Mei dat ûnderwerp kaam Kramer ein 2019 lanlik yn it nijs, doe't er in streek sette troch de ôfspraken dy't de provinsje mei it regear fan Mark Rutte oer de foarnommen ynkrimping fan 'e lânbousektor hie. Dat die er nei't op 11 oktober guon boeren mei trekkers foar de doar fan it Provinsjehûs yn Ljouwert stiene.

Njonken de stikstofproblematyk hat Fokkinga, sûnt 2020, ek lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfgoed, breedbân-ynternet en it projekt Holwert oan See yn syn portefúlje. Doe't Fokkinga Steatelid wie, hold er him ek dwaande mei wenjen, plattelânsbelied en Holwert oan See.

Njonken de polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fokkinga wurket yn it ûnderwiis. Hy wie direkteur fan basisskoallen en skoallekoepels. Sûnt 2011 hat er in eigen ûnderwiisadvysburo. Dêrmei is er dwaande mei ynternasjonalisearring yn it ûnderwiis, ûnderwiisprojekten en mei it learen fan frjemde talen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: