Surhuzum

Ut Wikipedy
Surhuzum
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal 1.275 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 14,58 km², wêrfan:
- lân: 14,53 km²
- wetter: 0,06 km²
Befolkingsticht. 87 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 6° 10'N 39.1° 8'E
Lokaasje Surhuzum (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje Surhuzum (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Offisjele webside
www.surhuzum.nl
FB-side Surhuzum
Kaart
Surhuzum (Fryslân)
Surhuzum

Surhuzum is in doarp noard fan Surhústerfean yn de gemeente Achtkarspelen. Eastlik fan Surhuzum leit it buorskip Surhuzumer Mieden. Ek it tsjin Surhústerfean oanlizzende buorskip Koartwâld heart noch by Surhuzum.

Surhuzum hat 1.275 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp foarme yn de midsiuwen de grutste kearn fan de acht kerspels fan de gritenij. Oare nammen fan Surhuzum wiene Sutherhusum (1224), Sutherum (13e iuw), Suderhusen (1355), Zuderhusen (1441), Sundenhuyssen (1579), Suyrhuysum (1718), Zuurhuizum (1786) en Zuiderhuizum. De namme betsjut soksawat as 'by de suderhuzen'.

Guon ûndersikers leauwe dat op it âld tsjerkhôf by it doarp al yn de 12e iuw in houten tsjerke stien hat. Surhuzum waard foar it earst neamd doe't Olifernus preke op it tsjerkhôf yn 1217. By dy gelegenheid soe in blau krús oan de himel ferskynd wêze, dat hjoed-de-dei yn it wapen fan Surhuzum betocht wurdt. Hy rôp de minsken op om diel te nimmen oan de Fiifde Krústocht. Yn 1217 soene leafst 80 skippen mei krúsfarders de Lauwers ôffearn wêze.

Surhuzum hie yn alle gefallen oan it begjin fan de 13e iuw in stiennen tsjerke. Doe wie it oanmeitsjen fan it omlizzend fean al safier dat der in tsjerke stifte wurde koe, Nei alle gedachten wiene de Lauwers en de Ried de ûntginningsassen fan wêrút útein set waard.

Yn de eartiidske gritenij lei ek it tsjerkedoarp (kerspel) Koartwâld, dat troch te min bewenners hie om de eigen tsjerke te ûnderhâlden en yn 1441 tastimming krige fan de paus om har oan te sluten by Surhuzum.

Surhuzumer boeren stiften yn 1900 in eigen molkfabryk, mar net foar lang want yn 'e âldjiersnacht fan 1903 of 1904 baarnde it fabryk ôf.[3]

It doarp krige yn de jierren 1950 yn de rjochting fan de wei Bûtenpost-Surhústerfean nijbou.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Antoniustsjerke (Surhuzum).
Protestantske Antoniustsjerke
Ferieningsgebou

De earste stiennen tsjerke is yn 1594 ferwoastge troch de Spanjerts en yn 1617 werboud. Yn 1734 waard er ôfbrutsen en folslein opnij boud, mei âlde kleastermoppen oanfold mei lytse bakstien. Yn it koar sitte trije brânskildere ruten fan Ype Staak. De toer hat allinne in boppegrûnske ferbining mei de tsjerke, seldsum yn Fryslân, en hat in mitsele spits, ek seldsum. De klok, mei in trochsnee fan 1.22m en in gewicht fan 1100 kg, is getten troch Hans Falck yn 1630.

It behindige ferieningsgebou by de tsjerke út 1929 is boud yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle neffens in ûntwerp fan arsjitekt J. C Velding. Oarspronklik hie it hoektuorke in mei lead beklaaid koepelsje. Lykas de tsjerke is it ferieningsgebou in ryksmonumint.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om doarpshûs 'De Delfeart' wurdt yn augustus de 'Spulwike Surhuzum' holden. Underdiel dêrfan is it WK seineharjen. Yn de Delfeart komt ek de feriening foar Pleatslik Belang gear. Us Stek is it honk foar de jongerein.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de opgong fan it konfesjonele ûnderwiis waard yn 1881 troch de herfoarme gemeente de hier opsein fan de iepenbiere skoalle om it gebou oan de feriening foar Kristlik Underwiis op Grifformearde Grûnslach te beskikking te stellen. Yn 1883 koe de nije iepenbiere skoalle iepene wurde. Tsjintwurdich hat it doarp allinne noch in kristlike skoalle, de Johannes Looijenga Skoalle oan de 'Lustenburg'. Oan de W.B. van der Koaiwei stiet yn Stynsgea it pjutteboartersplak 'It Hummelhoekje'.

De Balkespringer

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sportpark hjit De Woudlust.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1840 1890 1955 1960 1965 1970 1973 2006 2008 2021
Ynwenners 644 1433 1407 1300 1275 1270 1272 1346 1379 1265

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Knilles Eiberts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1984 waard ta neitins fan Knilles Eiberts it keunstwurk 'De Balkespringer' fan Frans Ram ûntbleate. Knilles Eiberts (syn echte namme wie Cornelis Egberts Gayckema) wie in yn 1603 yn Surhústerfean berne beurtskipper, dy't nei de weropbou fan de troch de Spanjerts fernielde tsjerke yn 1617 yn ien loop oer sechtjin balken sprong, dy't goed 2,5 meter fan inoar leine. Hy waard yn Surhuzum begroeven en syn grêf is letter oan de súdkant fan 'e tsjerke werom fûn.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de strjitten fan Surhuzum.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Busline fan ferfierder Arriva:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. J. de Langen, Middeleeuws Friesland. De economische ontwikkeling van het gewest Oostergo in de vroege en volle Middeleeuwen. 1992. (Foar tsjerke en ûntginning)

 
Plakken yn de gemeente Achtkarspelen
Flagge fan de gemeente Achtkarspelen
Haadplak: Bûtenpost
Doarpen en útbuorrens: BoelensloaneDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen: BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part) • De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden