Springe nei ynhâld

Amsterdamske Skoalle (boustyl)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amsterdamske Skoalle)
It Skipfearthûs
(Jan van der Mey).
Brêge 283: Waalseilandsgracht / Buiten Bantammerstraat (1913).
Amsterdam: Het Schip
(Michel de Klerk).
Ljedderfinsters.
Hûsnûmers yn Amsterdamske Skoalle-styl.

Yn de skiednis fan de boukeunst heart Amsterdamske skoalle ta it tiidrek fan de Moderne Boukeunst, dêr't ek ûnder oaren De Styl, it Nije Bouwen, de Chicago Skoalle en it Ekspresjonisme rekkene wurde. Dizze boustyl kaam op tusken 1910 oant likernôch 1930 en is part fan de ynternasjonale ekspresjonistyske arsjitektuer, en wurdt somtiden ek wol yn ferbân brocht mei it Dútske bakstien-ekspresjonisme.

Dizze arsjitektuerstyl is útsoarte in reaksje op de saneamde neostilen. De eigen styl fan H.P. Berlage kin beskôge wurde as de basis fan de Amsterdamske Skoalle, hoewol't dizze in soberder karakter hat dan itjinge dat no yn dizze styl klassifisearre wurdt. Dêrom is de Amsterdamske Skoalle ek wer te sjen as in reaksje op it rasjonele wurk fan Berlage, en dan yn it bysûnder op de Beurs fan Berlage, omdat it útgiet fan ekspressive en fantastyske foarmen, besibbe oan it Ekspresjonisme. Dat de Beurs fan Berlage heard útdruklik net ta de Amsterdamske Skoallel, yn tsjinstelling fan wat in protte minsken tinke. De Beurs fan Berlage kin ek sjoen wurde as it begjin fan it Nederlânske Tradisjonalisme, dat oant de 1950er jierren bestien hat. Yn 1916 kritisearre Michel de Klerk de styl fan Berlage en omskreau er hoe't de nije styl fan bouwen (fan de Amsterdamske Skoalle) der út sjen moatte soe (Boukundich Wykblêd 45/1916).

Wichtichste arsjitekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste arsjitekten fan de Amsterdamske Skoalle wienen J.M. van der Mey, M. de Klerk en P.L. Kramer, dy't allegearre oan 't wurk west hawwe op it buro fan Eduard Cuypers yn Amsterdam. Om 1910 begûnnen sy foar harrensels en ûntwikkelen in nije boustyl. Yn 1923 stoar De Klerk. De Amsterdamske Skoalle ferlear yn him har wichtichste fertsjintwurdiger, mar de boustyl soe noch mear as tsien jier bestean bliuwe. Sa waard op de wrâldútstalling yn Parys yn 1925 (Exposition Internationale des Art Decoratifs et Industriels Modernes, letter koartwei Art Deco) it Hollânsk Paviljoen yn Amsterdamske skoalle arsjitectuer útfierd neffens in ûntwerp fan Jan Frederik Staal. Ek de ynrjochting fan it paviljoen wie hielendal yn de nije keunststyl, dêr't de Amsterdamske Skoalle doe noch ta rekkene waard. De arsjitekt Jan Gratama hat ek gebouwen yn de Amsterdamske Skoalle-styl delset en wie de earste arsjitekt dy't dizze term brûkt hat.

Oare leden fan de Amsterdamske Skoalle wiene, Berend Tobia Boeyinga, P. H. Endt, H. Th. Wijdeveld, C. J. Blaauw, en P. L. Marnette (sjoch strjit meubilêr). It tydskrift Wendingen (Feroarings), ferskynd tusken 1918 en 1931, wurdt beskôge as it blêd fan de Amsterdamske Skoalle.

Haadskaaimerk fan dizze styl is it gebrûk fan in protte bakstien en it tapassen fan fersieringen yn de gevels, útfierd yn bakstien of byldhoude natoerstien. De faak plastyske gevels binne meast fold mei ljedderfinsters en wurde bekroane mei skoare dakken en somtiden mei tuorkes fersierd. It plastyske karakter en de soms sels symboalysk oanbrochte draachkonstruksje joegen wolris swierrichheden foar de wiere dragende dielen fan it gebou.

H. Th. Wijdeveld omskreau it doetiidsk sa: De verschijning der fantasievollen, die argeloos spelen met de schatten van het rationalisme. Opofferend de praktische indeling en de belangstelling voor het constructieve element voor een ver doorgevoerd principe, namelijk het principe van de tevoren vastgestelde vorm.

Gebouwen út de Amsterdamske Skoalle-perioade binne benammen grutte (sosjiale) wenningbouwprojekten, skoallen en inkelde utilitêre gebouwen. Troch de plastyske gevels en boartlike yndieling lykje sy dochs net massyf; se binne wol mânsk, mar bliuwe yn de minsklike mjitte.

De absolúte tsjinpoal fan it ekspresjonisme en de Amsterdamske Skoalle wie it Nije Bouwen. Hundertwasser wie grif gjin foarstanner fan it Nije Bouwen: "Dizze boustyl kinne jo omskriuwe as: gefoel- en emoasjeleas, diktatoriaal, hertleas, agressyf, glês, steryl, sûnder ornaminten, kâld, ûnpoëtysk, ûnromantysk, anonym en gapjende leechte. In drôchbyld fan funksjonaliteit. Hûzen dêr't minsken wenje, meie net oerlitten wurde oan in tsjin in kultuerpolityk agearjende arsjitektuermaffia dy't nihilistysk estetyske spulsjes mei minsken spilet.(...) as dy intellektuele, natoer- en minskfijannige maffia minsken twingt om generaasjes lang yn perversk modernistysk konsipiearre en sûnder siel boude hûzen te wenjen, dan is dat in permaninte misdied. Dit twongen akseptearjen fan diktatoariale hûzen troch bewenners leit presys de grûn foar algemien geastlike en lichamelike need dêr't us westerske beskaving, de steat, de natoer en wy allegearre fan te lijen hawwe".

Hoe ferschillend arsjitektuerkritisy tinke kinne, docht bliken út it boek Bouwkunst in de 20e eeuw (1953), wêryn't de trdysjonalistyske arsjitekt A.J. Kropholler skreau oer de Amsterdamske Skoalle: "It meast tsjûchje de strjitten út dizze perioade fan in ratteljende wansmaak".

Strjitmeubilêr yn Amsterdam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Verschillende soarten strjitmeubilêr yn de gemeente Amsterdam binne ûntwurpen yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle, in soad yn ein jierren 20 troch P.L. Marnette. Benammen fan de elektryske ferdielkasten en splitskasten stiet der noch in soad ferspraat yn Amsterdam.

  • De Amsterdamse School. Maristella Casciato. Utjouwerij 010, Rotterdam, 1991. ISBN 90-6450-116-5
  • Amsterdamse School. Architectura & Natura, Amsterdam, 1991. ISBN 90-71570-06-1
  • Straatmeubilair Amsterdamse School 1911-1940. Kasper van Ommen. Stedsútjouwerij Amsterdam, 1992. ISBN 90-5366-050-X
  • Amsterdamse bruggen. 1910-1950. Wim de Boer en Peter Evers. Utjefte Amsterdamske Ried foar de Stedebou, 1983. ISBN 90-70665-02-6
  • De Amsterdamse school. Annuska Pronkhorst en Sophie van Ginneken, Atrium, 2003. ISBN 90-5947-014-1
  • Wendingen 1918-1932. Martijn F. Le Coultre, 280 siden Librero 2009, isbn 978-90-5764-441-2
  • Zeinstra, Jurjen, De invloed van de Amsterdamse School in Friesland, Ljouwert 1985.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]