Springe nei ynhâld

Berend Tobia Boeyinga

Ut Wikipedy
Berend Tobia Boeyinga
Eardere Fakulteit fan de Wis- en Natuerkunde fan de Frije Universiteit, De Lairessestraat, Amsterdam.
De Pniëltsjerke, Bos en Lommerwei yn Amsterdam-West, ien fan Boeyinga's lêste ûntwerpen. Foto: bma.amsterdam.nl.

B.T. Boeyinga (Noard-Spaarnewoude, 27 maart 1886-Amsterdam, 6 novimber 1969) wie in Nederlânsk arsjitekt. Berend Tobia Boeyinga hearde ta de twadde-generaasje arsjitekten fan de Amsterdamske Skoalle.

Oplieding en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeyinga waard grut yn in strang grifformearde húshâlding, syn heit wie dûmny, en learde it fak yn de praktyk. Hy sette útein as timmerman en einige lang om let as arsjitekt. Hy wie twa jier ferbûn oan it buro fan Eduard Cuypers, dêr't ek arsjitekten Johan Melchior van der Mey, Pieter Kramer en Michel de Klerk lange tiid oan ferbûn wiene. Cuypers syn buro jildt dêrom wol as de kreamkeamer fan de Amsterdamske Skoalle.

Lânhûs Heijendaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

B.T. Boeyinga arbeide fjouwer jier yn Nymwegen dêr’t er ûnder mear belutsen wie by de bou fan it bûten Heijendaal foar F. Jurgens, de grûnlizzer fan it Unilever-concern. Tsjintwurdich is it hûs in diel fan it Radboud-sikehûs.

Amsterdamske Skoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de jierren yn Nymwegen gie B.T. Boeyinga werom nei Amsterdam foar in oplieding oan de skoalle foar Fuortsette- en Hegere Boukeunst Underrjocht (VHBO). Hy krige les fan ûnder oaren Hendrik Berlage, De Bazel en Kromhout en stie dêrtroch tige ûnder de ynfloed fan de Amsterdamske Skoalle. Nei syn oplieding wurke B.T. Boeyinga oan de bou fan it Spaarndammerplantsoen en de túndoarpen Oostzaan en Nieuwendam.

Grifformearde tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earst fan syn fjirtichste ôf wurke B.T. Boeyinga as selsstannich arsjitekt. Yn it begjin fan syn karriêre boude er in oantal grifformearde tsjerken yn Amsterdam en Haarlim (1927). Syn ûntwerpen waarden tige wurdearre yn dy fermiddens en foar Boeyinga waard tsjerkebou in spesjalisme. Hy boude 15 foar de grifformearden en 3 foar de herfoarmden. B.T. Boeyinga stifte yn Utert it Ynstitút foar Religieuze en Tsjerklike Keunst en skreau in boek oer tsjerkebou. Nei 1945 wie er belutsen by in tal grutte restauraasjes, bygelyks dy fan de Eusebiustsjerke yn Arnhim.

Yn 1926 soarge in konflikt yn de tsjerke, oer in beskate útlis fan it skeppingsferhaal, derfoar dat er syn denominaasje ferliet. It gie om de saneamde kwestje Geelkerken. Yn 1930 gie er by in oare protestantske tsjerke dy't yn 1946 ien waard mei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Koart foar syn dea gie er lykwols wer werom nei syn âlde tsjerke. Boeyinga's religieuze arsjitektuer waard tige beynfloede troch syn leauwe. Hy bewûndere Abraham Kuyper, foaroanman fan de Grifformearden en hie Kuyper's ideeën oer keunst en arsjitektuer heech. Mear as oare arsjitekten út syn tsjerklike rjochting hat Boeyinga besocht optmaal sintralisearre (toer midden yn it gebou) tsjerken te bouwen.

  • Wente/Postkantoar, De Dijk 1 Wâldsein 1911
  • Dûbel Hearehûs, Groesbeekseweg 88-90 Nymwegen 1913
  • Stedebouwkundich plan en wenten/winkels Tuindorp Oostzaan, Zonneplein Amsterdam 1922 - 1924
  • Dûbele filla Strasser, Bredelaan 12-14 Bussum 1924
  • Dokterswenten Tuindorp Oostzaan, Kometensingel 179-187 Amsterdam 1925
  • Stedebouk. plan en wenten/winkels Tuindorp Nieuwendam, Purmerplein/Purmerweg Amsterdam 1924 - 1927
  • Grifformearde tsjerke (GT), Van Peltlaan 31 Bergen (NH) 1927
  • Filla's fan Wonderen, Van Peltlaan 39-41 Bergen (NH) 1927
  • GT (ôfbaarnd yn 2003), Kloppersingel 27 Haarlim 1927
  • GT, Bolwerk Zuid 134 Bergen op Zoom 1928
  • Wenten, Hillevliet Rotterdam 1928
  • Herfoarme tsjerke, Hillevliet Rotterdam 1927 - 1929
  • Wente/kantoar Van Dijk, Julianastraat Eindhoven 1929
  • Rekreaasjegebou Den Oever 1929
  • Bûten Rübsaam, Noordzijde Zoom 75 Bergen op Zoom 1929
  • Paviljoens Stichting Vrederust, Hoofdlaan 4 Halsteren 1929 - 1933
  • Laboratoarium Frije Universiteit, De Lairessestraat 174 Amsterdam 1930 - 1933
  • GT, Visschedijk Almelo 1932 - 1934
  • GT, Fazantenstraat Den Helder 1933 - 1934
  • Wenten Riemers Den Helder 1934
  • GT, Nieuwe Weg IJsselmuiden 1932 - 1935
  • GT, Richard Holkade 125 Haarlim 1935
  • GT, Spaarnrijkstraat Haarlim 1935
  • Monumint Tsjerk Hiddes de Vries, Grote Bredeplaats Harns 1929 - 1936
  • GT, Schoolstraat Diemen 1933 - 1936
  • GT, Ritzema Bosweg Wageningen 1934 - 1936
  • GT, Waalstraat Amsterdam 1934 - 1936
  • Wenningen, IJsselstraat Amsterdam 1934 - 1936
  • GT, Zijllaan Wassenaar 1937 - 1939
  • Restauraasje Herfoarme tsj., Ds. Kreikenlaan 3 Wesepe 1942 - 1950
  • Grifformearde Pniëlkerk, Bos en Lommerweg 189 Amsterdam 1945 - 1954
  • GT, Lange Boonestraat Maassluis 1946 - 1955
  • Restauraasje Waachgebou, Grote Markt Arnhim 1957
  • Restauraasje Herf. tsjerke, Kerkstraat 3 Drempt 1949 - 1958
  • GT, Huis te Veldelaan 2 Maasland 1956 - 1958
  • GT, Meeuwenlaan Egmond oan See 1956 - 1959
  • Herfoarme tsjerke, Westerweg 48 De Purmerbuurt 1958 - 1960
  • Restauraasje Eusebiuskerk, Grote Markt Arnhim 1945 - 1961
  • Herfoarme tsjerke, Hoge Buurt 3 St. Maarten (NH) 1960 - 1962
  • Restauraasje Cuneratsjerke, Kerkplein 1 Rhenen 1940 - 1963

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Architectuur.org
  • Wikipedia nl.