Surhústerfean
Surhústerfean | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Achtkarspelen |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2015) | 5860[1] |
Huzen | 2447 |
Koördinaten | 53° 10' NB, 6° 10' EL |
Netnûmer | 0512 |
Postkoade | 9231 |
Webstee | www.surhuisterveen.com |
Surhústerfean is ien fan de 12 doarpen fan de Fryske gemeente Achtkarspelen.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Surhústerfean is oan ein 16e iuw ûntstien doe't de earste turfgravers en skippers harren dêr nei wenjen setten. De wiken en de feart (Dimpte Feart) dy't troch de flekke rûnen binne tichtsmiten. It ha benammen de muontsen west dy't fan ynfloed west hawwe op it ûntstean. Se hearden ta de pioniers fan de ferfeanting, dêrnei kamen al rillegau de ambachtslju en winkellju.
De namme fan it doarp betsjut letterlik 'Surhuzumerfean', de feangrûnen súdlik fan it tsjintwurdich lytsere, mar âldere Surhuzum. De abt fan it kleaster Jeruzalem yn Gerkeskleaster sluet doe in kontrakt mei Utertske ûndernimmers om de hege feanen ôf te graven.
Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Súdeastlik fan it doarp begjint it âlde rivierke de Lauwers, al is dat dêr yn earsten net mear as in foege sleat.
Tsjintwurdich hat Surhústerfean ekonomysk sjoen in regionale funksje, mei in foech winkelbestân, ferskate horekafoarsjennings en in tal yndustriële bedriuwen.
Mennisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Menniste Gemeente fan Surhústerfean ûntstie om 1600 by de ferfeantings. Om 1620 hat der seker al in formanje stien, want de earste bekende learaar Gabbe Paulus stoar yn 1643. De predikanten yn letter tiid (lykas D. Pekelharing) hawwe in bydrage levere oan de ferbettering fan Surhústerfean. De hjoeddeiske formanje is fan 1804.
Fan 1720 oant 1729 hat der in groep Dútske mennisten út Surhústerfean of omkriten wenne. Se lieten har dope yn in poel by Koartwâld. Fan harren is fierders netfolle bekend. Fan Surhústerfean gienen sy oer Rotterdam mei it skip ‘Allen’ nei de Feriene Steaten fan Amearika. Se fêstigen har yn Pennsylvania en foarmen dêr de Church of Brethren.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De flekke hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomsten hat yn multyfunksjoneel sintrum It Fleckehûs. It doarp hat as basisskoallen It Skriuwboerd, De Bernebrêge en De Hoekstien. As eveneminten wurde alle jierren in kross hâlden, in hurdfytswedstryd (de Profomgong fan Surhústerfean) en in konkoers hippyk. Der is ek in VVV-kantoar yn Surhústerfean. Fan 1945 oant 2019 wie der yn Surhústerfean in selsstannige boekhannel fêstige, Boekhannel Douma.
Flekke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Fryske Rie foar Heraldyk hat it doarp Surhústerfean op 4 septimber 1986 de erkenning 'Flekke' takend. Flek of flekke is yn Fryslân de ûnoffisjele oantsjutting fan in grut doarp, dat eins yn de ûntwikkeling fan doarp nei stêd stykjen bleaun is. Se hiene faak mear rjochten as de trochsneed doarpen, lykas rjocht fan waach en rjochtspraak. De flekken wurde ferdield yn de iere en lettere flekken. Drachten, De Gordyk, It Hearrenfean en Surhústerfean hearre ta dy lêste groep. Se binne yn de 17e en 18e iuw ta ûntwikkeling komd. De flekkewapens ûnderskiede har fan de gewoane doarpswapens, trochdat se wol in kroan fiere.
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Doarpstsjerke (earder herfoarmd, tsjintwurdich PKN-gemeente)
- De Flambou (earder grifformeard, tsjintwurdich PKN-gemeente)
- De Regenboog (Kristlike grifformearde frijmakke gemeente)
- De Vluchtheuvel, (Baptistengemeente)
- Keninkryksseal, Jehova's tsjûgen)
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Brassband Blaast de Bazuin
- De Trochsetters - toaniel
- BC '85 - badminton
- WSBF - gymnastyk
- VCS - follybal
- Fuotbalferiening Surhústerfean
- Fuotbalferiening 't Fean '58
- Fuotbalferiening Feanstars
- Kuorbalferiening KV It Fean
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1955 - 2801
- 1960 - 3140
- 1965 - 3524
- 1970 - 4026
- 1973 - 4602
- 1990 - 5866
- 2004 - 5740
- 2008 - 5757
- 2010 - 5874
Bekende Feansters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Jan Hepkes Wouda (1862-1939), ek wol de Feanster liger neamd is ien de bekende eardere doarpsfigueren. Oaren binne Eare Hut en Jantsje Sint, beide yn it doarp suver allinne bekend ûnder harren bynammen.
- Ek steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Milieu en hurdfytspommerant Joop Atsma is fan Feanster komôf, en dat jildt ek foar de skriuwer/muzikant Meindert Talma.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Surhústerfean.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Buslinen fan ferfierder Arriva:
- Line 12: Drachten - Nijtap - Rottefalle - De Houtigehage - Boelensloane - Surhústerfean - Surhuzum - Stynsgea - Bûtenpost
- Line 13: Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Tytsjerk - Ljouwert
Buslinen fan ferfierder Qbuzz:
- Line 39: Surhústerfean – De Grinzer Pein – Kornhorn - Doezum – Gruttegast - Sebaldebuorren – Oldekerk- Niekerk - Súdhorn - Grins
- Line 133: Surhústerfean – De Grinzer Pein – Kornhorn - Doezum – Gruttegast - Sebaldeburen – Boerakker - Hoogkerk - Grins
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|