Konkoers hippyk

Ut Wikipedy
Springen ûnder in konkoers hippyk.

In konkoers hippyk[1] (fan it Frânske concours hippique, "hynstewedstryd") is in wedstrydbarren binnen de hynstesport. Sa'n evenemint bestiet almeast út ferskate ûnderdielen, lykas springen, dressuer en wedstriden en/of shows mei túchhynders. Soms komt ek in gearstalde wedstryd fan 'e mensport oan bod.

Fierders kinne oan in konkoers hippyk ek hurddraverijen en hynstekeurings ferbûn wêze. Yn 'e skoften wurde faak publyksdemonstraasjes fersoarge fan ferskate oare fasetten fan it wurkjen mei hynders of mei bisten yn it algemien. In konkoers hippyk wurdt yn 'e regel yn it simmerhealjier yn 'e iepen loft holden. It kin lykwols ek foarkomme dat sa'n evenemint yn in maneezje of in oare oerdutsen hal organisearre wurdt; yn dat gefal sprekt men ornaris fan in 'indoor-konkoers', wat net selden ferkoarte wurdt ta simpelwei 'indoor'.

Yn ferskate plakken yn Nederlân is it konkoers hippyk in jierliks weromkearend evenemint, dat yn guon gefallen op in lange skiednis fan soms wol mear as hûndert jier weromsjen kin. Yn Fryslân binne yn dit ferbân de wichtichste eveneminten it Konkoers Hippyk Bûtenpost, dat holden wurdt sûnt 1954, en it Konkoers Hippyk Riis, dat weromgiet oant 1945. In oar bekend konkoers hippyk yn Fryslân, Indoor Fryslân yn Ljouwert, waard yn 2007 opdoekt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 982.