Springe nei ynhâld

Doarpstsjerke (Surhústerfean)

Ut Wikipedy
Doarpstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Surhústerfean
adres Gedempte Feart 8
koördinaten 53° 10' N 6° 09' E
Arsjitektuer
boujier 1685
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7050
Webside
Side PKN gemeente Surhústerfean-Boelensloane
Kaart
Doarpstsjerke (Fryslân)
Doarpstsjerke

De Doarpstsjerke oan de Gedempte Feart is de eardere herfoarme tsjerke fan Surhústerfean. It ryksmonumint is tsjintwurdich ie fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Surhústerfean-Boelensloane. De tsjerke wurdt yn 'e regel brûkt foar de middeistsjinsten.

Gevelstien

De stiftingsstien fan de ienfâldige sealtsjerke waard op 3 juny 1685 lein troch de soan fan grytman Isaac de Schepper. It tuorke is fan lettere datum en waard yn 1726 boud. Yn de tsjerke is in moaie 17e iuwske preekstoel te sjen.[1] It ynterieur telt trije sarken.[2] In diel fan de banken binne by in restauraasje ferwidere en ferfongen troch stuollen.

De oarspronklike klok waard yn 1943 troch de besetter foardere en omraand. De nije klok draacht as opskrift: Ik rop âld en jong ta tsjinst en tsjerkegong.[3]

Op 16 jannewaris 2011 binne de herfoarme gemeente fan Surhústerfean-Boelensloane en de grifformearde gemeente fan Surhústerfean fusearre ta de protestanske gemeente Surhústerfean-Boelensloane. De gemeente hat twa tsjerken (de Doarpstsjerke en de Flambou) en twa tsjerklike sintra (de Lantearne en de Bining).[4]

It ienmanualige oargel hat njoggen registers en in oanhongen pedaal en stie earder rjochts fan de preekstoel. It waard yn 1982 ter ferfanging fan in Dekker-oargel troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud en krige letter in plak op de kreake foar de preekstoel oer.[5]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: