De Flambou (Surhústerfean)
De Flambou | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Surhústerfean | |
adres | Grinzerstrjitte 40 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 10' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Bosma & van Houten | |
boujier | 1956 | |
Webside | ||
Side PKN gemeente Surhústerfean-Boelensloane | ||
Kaart | ||
De Flambou yn Surhústerfean is de eardere grifformearde tsjerke en tsjintwurdich ien fan de twa tsjerken fan de Protestantske gemeente Surhústerfean-Boelensloane.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Flambou waard yn 1965 boud as moderne grifformearde tsjerke mei 900 sitplakken. Se ferfong in tradisjoneel tsjerkegebou oan de Dellen út 1903, dy't dêrnei as garaazje brûkt en lang om let sloopt waard. Noch krekt foar de fúzje mei de herfoarme gemeente fierden de Feanster grifformearden yn 2004 harren 150-jierrich bestean.[1]
Fúzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 16 jannewaris 2011 is de grifformearde gemeente fan Surhústerfean fusearre mei de herfoarme gemeente fan Surhústerfean-Boelensloane ta de Protestanske gemeente Surhústerfean-Boelensloane. De Flambou is yn Surhústerfean ien fan de twa tsjerken fan de protestantske gemeente. De oare tsjerke is de âlde herfoarme Doarpstsjerke.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente moast it nei de bou fan De Flambou ynearsten sûnder oargel dwaan. It oargel yn de âlde tsjerke hie it al 1944 opjûn. Yn 1979 foltôge de oargelbouwer Fama & Raadgever út Utert in nij oargel.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|