Qbuzz

Ut Wikipedy
Logo Qbuzz

Qbuzz is in iepenbier ferfierder dy't nei de Wet Persoanenferfier 2000 aktyf is yn it steds- en streekferfier. It bedriuw is sûnt 14 desimber 2008 op de diken te sjen yn de provinsjes Grinslân en Drinte, it súdeasten fan Fryslân en yn de Regio Rotterdam.


Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Qbuzz waard stifte yn april 2008, troch Rob van Holten, de âld-topman fan Connexxion en Leon Struijk. Op fersyk fan de stifters namen de Nederlânske Spoardyken in minderheidsoandiel fan 49 persint yn it bedriuw. Troch dizze gearwurking hopet hja de oanslutings tusken it bus- en treinferfier better te meitsjen. In moanne letter, yn juny 2008 waarden de earste oanbestegings foar it busferfier dien, yn de Stedsregio Rotterdam en yn Súdeast-Fryslân. Dizzen waarden beide troch Qbuzz binnen helle. Ek hie it bedriuw harren ynskreaun foar de it gebiet Haaglannen, mar dizze waard net oan Qbuzz jûn.

It doel fan Qbuzz is om yn de kommende jierren in fjirdepart fan de Nederlânske busmerke yn harren besit te krije.

Riegebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Qbuzz hat oan trije oanbestegings meidien, dêr't twa fan wûn waarden, te witten dy fan Súdeast-Fryslân en de Stêdsregio Rotterdam. Op dizze gebieten hienen gjin oar bedriuwen harren ynskreaun troch de finansjele risiko’s mei de ynfier fan de OV-chipkaart. Ek de koarte rintiid fan de oanbestegings en de djoere brânstofprizen hienen hjir mei te krijen.

Om de oanbestegings út te fieren hat Qbuzz in liening fan 35 miljoen euro ôfsluten en 154 nije bussen besteld.

Súdeast-Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It riegebiet Súdeast-Fryslân beslacht de gemeentes Eaststellingwerf, Weststellingwerf, It Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

Sûnt 14 desimber 2008 ride de bussen fan Qbuzz hjirre. De tsjinstregeling sil yn it earste jier fan Qbuzz net bot feroarje. Allinnich line 100, fan It Hearrenfean nei Grins oer de A7, wurdt feroare. Net it hiele gebiet is fan Qbuzz, wêrtroch de line yn Drachten splitst is. It part tusken It Hearrenfean en Drachten wurdt twa kear yn it oere riden troch de Qliner 310 fan Qbuzz. Fan Drachten nei Grins wurdt riden troch de Qliner 304 fan Arriva. Dizze linnen hearre byinoar en slute ek op elkoar oan, ek wurdt foar in grut diel gjin ekstra taslach frege.

Ein 2009 sil der in nije tsjinstregeling komme, wêryn 15 persint mear bussen ride sille. Om't hja hjir op ta te riedzje giet der al in skoalbus fan Easterwâlde nei Ljouwert. Uteinlik moatte der fiif fan dizze skoalbussen komme fan Drachten nei de wichtichste skoallen fan It Hearrenfean, Wolvegea, De Gordyk en Ljouwert. Dêrneist komt der ek in direkte ferbining tusken Aldeberkeap en Drachten.

Ek komt der in snelle ferbining fan It Hearrenfean nei Drachten op alle treinen dy't op it stasjon fan It Hearrenfean oankomme. Hjirmei wol it bedriuw al oanslute op de spoarferbining Grins-Drachten-It Hearrenfean dy't der yn de takomst komme sil.

Om dit allegear foar elkoar te krijen binne fyftich ekstra sjauffeurs oannaam, ek is in grut part fan it personiel fan Arriva oernaam. Qbuzz mei oant en mei 2016 yn Súdeast-Fryslân ride.

Stêdsregio Rotterdam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Stêdsregio Rotterdam hat Qbuzz de oanbesteging foar trije jier binnen helle. It bedriuw hat soarge foar mear ritten yn it gebiet. Sûnt 14 desimber 2008 ride de bussen fan Qbuzz hjirre.

Pleatsen dy’t no ûnder de tsjinsten fan Qbuzz falle binne Rotterdam, Barendrecht, Rhoon, Krimpen oan de Isel, Lansingerlân, Pienakker, Maasslús, Riddertsjerke en Flaardingen.

Al it personiel fan de foarige ferfierder, Connexxion, is oernaam.

Haaglannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Qbuzz hie har ek oanmeld foar it gebiet Haaglannen. Ek Connexxion en Veolia Transport dienen mei. Op 1 septimber 2008 waard bekend dat Veolia Transport de oanbesteging wûn hie.

Namme en kleuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan Qbuzz stiet foar in oantal saken. De Q is in ferwizing nei it Ingelske wurd ‘Quality’ (kwaliteit). Buzz stiet foar bus. De dûbele z jout de namme in hjoeddeisk wêzen dat benammen de jonge minsken oansprekke moat.

Foar de kleuren fan it bedriuw is keazen foar inkele nasjonale kleuren; Oranje, wyt en blau.

Ophef[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de oprjochting fan Qbuzz ûntstie ophef oer inkele saken. Sa soe it bedriuw net genôch sinten ha om rekkening fuort te beteljen en soenen se net oan alle easken dy’t oan in ferfierder steld wurde foldwaan.

Ek wienen de oare iepenbier ferfierders net bliid mei itjinge dat de NS in oandiel fan 49 persint yn it bedriuw hie. Sa soe Qbuzz ûnrjochtmjittich help fan de steat krije yn de foarm fan subsydzje. De rjochter hat yn de tsien rjochtsaken dy’t tsjin Qbuzz oanspant wienen alles fan tafel feit.

Bussen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Qbuzz hat nij leaste bussen fan MAN en Folkswein. De MAN’s binne boud yn Ankara en waarden ôfmakke yn Fianen. As reservefloat hie Qbuzz yn it begjin foar Rotterdam inkele âld-RET-bussen. Yn Súdeast-Fryslân wienen der in pear nije Poalske Volvo’s as reserve. Dit yn ôfwachting op de sân nij bestelde biogasbussen fan MAN.

Foar it standert streekferfier wurdt de MAN Lion’s City A78 ynset. Dizze bus hat fan de foardoar oant de efterdoar in legeflier. As de doarren iepen gean sakket de bus in bytsje nei rjochts, wêrtroch de opstap nei de bus noch mar in sintimeter of tsien is. Rolstoelen kinne troch in út te skowen planke yn de bus komme.

Foar de langere, Qliner, ritten wurde snellere bussen mei mear komfoar brûkt, de MAN Lion’s Regio. Dizze bus hat in hegeflier. Rolstoelen kinne mei in lift yn de bus komme.

Yn de buertbussen kinne acht minsken sitte. Foar dit ferfier wurdt de Folkswein Crafter brûkt.

Searje Oantal Soart Boujier Gebiet Ofbyld
1001 - 1100
- 1057, 1095, 1096, 1097 en 1100

95 MAN Lion's City A78 2008 Rotterdam
2001 - 2041 41 MAN Lion's City A78 2008 Súdeast-Fryslân
2042 - 2047 6 MAN Lion's Regio R14 2008 Súdeast-Fryslân
n.f.t. 4 Volkswagen Crafter Volt 2008 Súdeast-Fryslân
401-410 10 Volvo Polska 8700 2008 Súdeast-Fryslân

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]