Rykswei 7
| A7 | |
|---|---|
| Langte: | 230,2 km |
| Kaart | |
De Rykswei 7, ek A7, is in autosneldyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.
Wat foarôf gie, Rykswei 43
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de feroaring fan it Rykswegeplan 1927 wurd yn it Rykswegeplan 1932 de ferbining Surch - Snits - It Hearrenfean - Grins opnommen. De nije plande ferbining troch Súdwest-Fryslân wurdt posityf ûntfongen yn de krisistiid. De ekonomyske krisis treft de súdwesthoeke fan Fryslân nammentlik behoarlik hurd en lokale bestjoerders wolle om de ekonomyske ûntwikkeling te befoarderjen sa gau mooglik rykswei 43 oanlein sjen.
Yn 1934 besleat de minister dat oanlis fan de dyk finansierd wurde soe út it saneamde 60-miljoen-plan. It iennige ûnderdiel fan it oarspronklike plan foar rykswei 43 dat sneuvele wie dat de dyk om finansjele redenen net sa as pland om Snits laat waard. In rûnwei soe op it plak sels tefolle keunstwurken ferge hawwe en de ekstra miljoenen dêrfoar wiene net beskikber. Yn 1935 waard al besletten dat fan 1936 ôf de wurksumheden oan rykswei 43 oanfange meie soene, wêrby't de folslein ûntbrekkende parten Ofslútdyk - Harkesyl en Snits - De Jouwer as earste yn útfiering nommen wurde soene. Op 19 febrewaris 1938 wurde de earste 5 km fan rykswei 43 tusken de Ofslútdyk en Harkesyl iepensteld.
Yn april 1940 wiene de wurksumheden oan it dykfak Snits - De Jouwer sa foardere dat se ferwachte de dyk earne yn maaie iepen stelle te kinnen foar it ferkear. Yn de tuskentiid waard Nederlân lykwols belutsen by de Twadde Wrâldkriich. De nije dyk waard net skansearre mar fan in feestlike iepening wie op 17 juny gjin sprake mear. De dyk wurdt iepene sûnder seremoansjeel of feestlikheden. De beheiningen op it brûken fan auto's makken dat fan de dyk mar in hiel lyts bytsje gebrûk makke waard.
Nei de Dútske ynfal wiene de wurksumheden oan it dykfak Harkesyl - Boalsert - Snits, dy't al fier hinne wiene, hast fuortendaliks stillein. Pas yn augustus joech de besetter tastimming om materialen frij te meitsjen om dit dykfak ôf te meitsjen. Op 12 desimber 1940 koe dit part fan de rykswei 43 iepensteld wurde. Der waard hjirnei al fjirder wurke oan it part De Jouwer - It Hearrenfean mar de besetter stelde gjin materialen beskikber dat folle mear as de rûchbou koe der net oanlein wurde. Pas yn desimber 1950 wurd de dykfak nei It Hearrenfean iepensteld, no noch sûnder it ferkearsplein en dêrmei de oansluting op de Rykswei 32.
It oanlizzen fan it ferkearsplein op It Hearrenfean begjint yn 1952. It plein, in rotonde dêr't de sirkel in straal fan 72 meter krige, waard op 11 desimber 1953 iepene, mei it trochlûken fan rykswei 43 oant dit ferkearsplein, hjirmei kaam ek de ferbining mei de Rykswei 32 ta stân. Yn 1954 wurdt slachfeardich begûn mei de oanlis fan dyk tusken It Hearrenfean en Drachten, mar Drachten wurdt pas yn 1958 berikt.Yn de perioade oant 1 july 1960 folgje op 't lêst alle ûntbrekkende dielen, wêrmei't yn heech tempo de lêste dielen rykswei tusken Drachten en Grins mei ree kamen.
Ryksdeadewei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wie elkenien yn earste ynstânsje út de skroeven mei de nije dyk. Yn de 1960-er en 1970-er jierren waard de inkeldbaansdyk, mei 113 lykflierse krúspunten, pleage troch slimme almeast deadlike ferkearsûngemakken. It hege tal ûngemakken late derta dat de wei de bynamme "Ryksdeadewei" krige. Dizze soarchlike situaasje resultearre yn plannen foar de ombou ta autosneldyk Rykswei 7.
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De A7 begjint by it Knooppunt Saandam dêr't er fuortkomt út de N7 en oanslút op de A8. Dêrwei rint er oer Purmerein, Hoarn, troch de Wieringermar, by Den Oever lâns oer de Ofslútdyk hinne. By Surch leit om ôfslach 15 hinne it Knooppunt Surch mei ferbining mei de A31 nei Harns en Ljouwert. Dêrnei rint er oer Boalsert nei Snits ta. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet en foarmet er in part fan de Ring Snits. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By De Jouwer, tusken ôfslach 23 en 25, leit it Knooppunt De Jouwer mei oansluting op de A6 nei Emmeloard. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 26 en 26a it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A32, nei Ljouwert en Swol. Dêrnei rint er by Drachten del en de ôfslaggen 30 en 30a foarmje it knooppunt Drachten mei in ferbining mei de N31 nei Ljouwert ta en de N381 nei Easterwâlde en Emmen. Dêrnei rint er by Fryske Peallen en De Like del nei Grins ta. By Grins slút de A7 op Knooppunt Julianaplein, mei ferbining mei de A28 en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it Knooppunt Europaplein en rint er oer Hegesân, Wynskoat dan fierder nei Bad Nijeskâns oer de grins hinne dêr't er as Bundesautobahn 280 fierder giet oant Dreieck Bunde, dêr't er oanslút op Bundesautobahn 31, dy't in ferbining fan it Ruhrgebiet mei East-Fryslân foarmet.
Rûteferoaring Saandam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt de maitiid fan 2014 begjint de rykswei 7 by knooppunt Coenplein. Earder wie it Prins Bernhardplein it begjin fan de A7. Al by it nûmerjen fan de ôfritten waard der rekken mei holden dat it earste part fan de A8 dûbel nûmere wurde soe. Dy dûbele nûmering waard dien omreden it lange ôfstânsferkear fan de A10 en A7 gjin ferlet hie om op in koart eintsje lette te moatten op in oar dyknûmer.
Ofslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Provinsje | Gemeente | km. | # | Namme | Diken | Nijsgjirrigens | |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Noard-Hollân | Saanstêd | 0 | Begjin op it Prins Bernhardplein yn Saandam. | ||||
| 4 | Saandaam | Begjin | |||||
| 5 | Knooppunt Saandam | A8 | |||||
| 7 | Saandyk | Foar Saanske Skâns | |||||
| Wormerlân | 11 | Wijdewormer | |||||
| Purmerein | 14 | Purmerein-Súd | N235 | ||||
| 15 | Purmerein | ||||||
| 17 | Purmerein-Noard | N244 | |||||
| Koggelân | 29 | Avenhorn/Hoarn-West | N243, N247 | ||||
| Hoarn | 32 | Hoarn | |||||
| 34 | Hoarn-Noard | N302 | |||||
| Medemblik | 36 | Wognum | N241 | ||||
| 39 | Abbekerk | ||||||
| 43 | Medemblik | N239 | |||||
| Hollâns Kroan | 50 | Middenmeer | N242 | ||||
| 55 | Wieringerwerf | N240, N248 | |||||
| 64 | Den Oever | N99 | |||||
| Fryslan | Súdwest-Fryslân | 97 | Koarnwertersân | ||||
| 101 | Knooppunt Surch | A31 | |||||
| 101 | Surch | ||||||
| 105 | Wytmarsum | ||||||
| 110 | Boalsert-Noard | ||||||
| 112 | Boalsert-East | ||||||
| 115 | Nijlân | ||||||
| 118 | Snits-West | ||||||
| 119 | Snits-Súd | ||||||
| 119 | Snits-Wâldfeart | ||||||
| 120 | Snits-East | ||||||
| Skarsterlân | 133 | De Jouwer-West | |||||
| 136 | Knooppunt De Jouwer | A6 | |||||
| 140 | Aldehaske | ||||||
| It Hearrenfean | 142 | It Hearrenfean-West | |||||
| 144 | Knooppunt It Hearrenfean | A32 | |||||
| 147 | Tsjalbert | ||||||
| Opsterlân | 152 | De Gordyk | |||||
| 158 | Beetstersweach | ||||||
| Smellingerlân | 161 | Drachten-Sintrum | |||||
| 165 | Easterwâlde | N381 | |||||
| 165 | Drachten | N31 | |||||
| Opsterlân | 170 | Fryske Peallen | N358 | ||||
| Grinslân | Mearum | 176 | Marum | ||||
| 180 | Boerakker | N388 | |||||
| De Like | 184 | De Like | N372 | ||||
| Grins | 191 | Westpoort (Grins) | |||||
| 193 | Heechtsjerk | N372 | |||||
| 196 | Ring Grins-West | N370 | |||||
| 196 | Martini-sikehûs | ||||||
| 197 | Julianaplein | A28 | |||||
| 198 | Helpman | ||||||
| 198 | Oosterpoort | ||||||
| 199 | Knooppunt Europaplein | ||||||
| ? | Euvelgunne | N46 | |||||
| ? | Engelbert | ||||||
| Hoogezand-Sappemeer | 213 | Foxhol | N386 | ||||
| 215 | Hoogezand | N387 | |||||
| 218 | Sappemeer | ||||||
| Menterwâlde | 222 | Súdbroek | |||||
| 224 | Noardbroek | N33 | |||||
| Scheemda | 230 | Scheemda | N362 | ||||
| 232 | Hilligerlee | ||||||
| Wynskoat | 240 | Wynskoat | N367 | ||||
| Bellingwedde | 246 | Aldeskâns | |||||
| Reiderlân | 251 | Bad Nijeskâns | |||||
Akwadukt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Snits giet de A7 ûnder it Geau-akwadukt troch, de Prinses Margriettunnel foar it Prinses Margrietkanaal.
Grutte Bylden oan de A7
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn dizze gallery ûntbrekt de Ballon fan Stiel by De Jouwer (2023)
- "Sehnsucht" fan Fred Broekkamp (1987), Abbekerk
- "De Steenzetter" fan Ineke van Dijk (1982), Ofslútdyk
- "KAPKAR A7-29 X FT" fan Frank Havermans (2021), Drachten
- "The Tower of Cards, The Tower of Letters, The Joker's Perch" fan John Hejduk, (1990), Grins
- "Het andere Monument" fan Meent van der Sluis, (2019), Harkstede
- "Gasmolecule" fan Marc Ruygrok, (2009)[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Diken yn Fryslân | ||
|---|---|---|
| Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
| Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
| Jeropeeske wei: E22 | ||
| Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
| Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
- Rykswei 7
- Autodyk yn Fryslân
- Autodyk yn Nederlân
- Wei yn Grinslân
- Bouwurk út 1975
- Geografy fan Wûnseradiel
- Geografy fan Boalsert (gemeente)
- Geografy fan Wymbritseradiel (oant 1984)
- Geografy fan Wymbritseradiel
- Geografy fan Snits (gemeente)
- Geografy fan Súdwest-Fryslân
- Geografy fan Doanjewerstâl
- Geografy fan Haskerlân
- Geografy fan Skarsterlân
- Geografy fan De Fryske Marren
- Geografy fan It Hearrenfean (gemeente)
- Geografy fan Opsterlân
- Geografy fan Smellingerlân

