Springe nei ynhâld

Dreieck Bunde

Ut Wikipedy
Oersichtskaart fan it Dreieck Bunde

It Dreieck Bunde (folút: Autobahndreieck Bunde, koart: AB Bunde) is in ferkearsknooppunt yn it súdwesten fan East-Fryslân dy't de Bundesautobahn 31 fan Emden nei Oberhausen mei de Bundesautobahn 280 fan Bunde nei de Nederlânske grins by Bad Nijeskâns ferbynt. De A280 wurdt oer de grins de Rykswei 7 rjochting Grins.

It knooppunt leit yn de gemeenten Bunde en Weener yn de lânkring Lier. Tichteby lizzende doarpen binne Tichelwarf, Holthusen en Möhlenwarf op it gebiet fan Weener, en de haadkearn Bunde op it gebiet fan de gemeente Bunde. It knooppunt leit 15 km súdwestlik fan Lier, 55 km noardlik fan Meppen en likernôch 50 km eastlik fan Grins.

It knooppunt waard boud yn de foarm fan in trompetknooppunt.

De gongwegen by it knooppunt hawwe 2×2 rydstripen, wylst de ferbiningsbôgen op it knooppunt ien rydstripe befetsje.

Ferkearsyntinsiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It knooppunt wurdt deistich troch likernôch 25.000 reauwen brûkt.

Fan Nei Trochsneed
tal reauwen
Oandiel swier ferkear
AS Weener (A 31) AD Bunde 20.500 12,8 %
AD Bunde AS Papenburg (A 31) 16.500 09,6 %
AS Bunde-West (A 280) AD Bunde 09.800 18,2 %
   Oanslutende diken   
        nei Weener, Lier
Emden, Aldenburch, Bremen 
     
     
  nei Bunde, Bad Nijeskâns
Grins 
  
     
        nei Papenburch, Meppen, Oberhausen       


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: