Bundesautobahn 31

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Bundesautobahn 31
Langte: 241 km
Kaart
Map D A31.svg
Begjin fan de A31 by Emden

De Bundesautobahn 31 (BAB31), koartsein A31, is in Dútske autodyk mei in lingte fan 241 kilometer tusken Emden en it Ruhrgebiet en rint by de Nederlânske eastgrins del. De dyk wurdt yn Dútslân ek wol Emslandautobahn of (Ost)friesenspieß neamd. Yn Nederlân wurdt de A31 ek wol de Emslandlinie neamd.

De wei is oanlein tusken 1975 en 2004. Tusken Lier en Bingum rydt it ferkear troch de 945 meter lange Iemstunnel. Dy tunnel ûnder de Iems waard tusken 1984 en 1989 boud.

Fjirtich kilometer tusken Ochtrup en Lingen wie in skoftlang in normale dyk. Yn 2004 wie dat stik ek ree foar fluch ferkear. Foar de lêste fjirtich kilometer kaam der 11 miljoen euro stipe fan Nederlânske bedriuwen en it regear. Ek Dútske bedriuwen en gemeenten hawwe meibetelle omdat se der belang by hienen.

Rin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De A31 begjint oan de westkant fan Emden, tusken de wiken Larrelt en Constantia, by in krúspunt mei ferkearsljochten. De autodyk giet mei in bôge as rûnwei om Emden hinne, om dêrnei nei it easten ta te rinnen. Nei't de dyk nei it suden ta ôfbûcht, ferbynt er by it ferkearsknooppunt Dreieck Leer by Lier mei de A28 (Lier - Aldenburch - Bremen). Dêrnei rint er troch de 945 meter lange Iemstunnel nei it Dreieck Bunde, dêr't er mei de A280 ferbynt rjochting Bunde en de Nederlânske grins dêr't dy fierder giet as de A7 rjochting Grins. It part tusken de twa knooppunten is part fan de E22.

Dêrnei rint de A31 troch it Iemslân hinne. By de oansluting Meppen krúst er de E233, dy't it trasee fan de B402 (Emmen - Kloppenburch, dy't yn Nederlân oergiet op de A37. Dêrnei rint er fierder nei it knooppunt Kreuz Schüttorf dêr't er de A30 (Hengelo - Osnabrück) krúst. Likernôch 10 km fierder komt de A31 Noardryn-Westfalen yn en rint troch it westlike part fan it Múnsterlân. Justjes dêrnei wurdt de B54 (Gronau - Múnster). De autodyk einiget by it knooppunt Dreieck Bottrop by Bottrop yn it Ruhrgebiet op de A2 (Oberhausen - Hannover)

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]