Bingum

Ut Wikipedy
Bingum
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Lânkring Lier (East-Fryslân)
Gemeente Lier
Sifers
Ynwennertal 1503
Oerflak 8,88 km²
Befolkingstichtens 169 /km²
Hichte 1 meter boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.stadt-leer.de
Lokaasje Bingum yn de stêd Lier

Bingum is in doarp yn it Dútske part fan it Reiderlân yn de lânkring Lier. It leit op de westigge fan de Iems en is troch in brêge ferbûn mei de stêd Lier. Sûnt 1972 heart Bingum, mei de oanswettende doarpkes Bingumgaste en Coldam, bestjoerlik by Lier. Bingum grinzet oan de gemeenten Weener en Jemgum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faaks bestie it doarp al yn de 7e of 8e iuw, mar de earste fernijing as Binninghem is fan om-en-by 900. Bingum hat in soad te lijen hân yn de rin fan de tiid, fan oerstreamings fan de Iems, fan de striderij ûnder it Geldersk Skeel (1531-1534), de Tritichjierrige Oarloch en de Sânjierrige Oarloch (1756-1763).

De haadlingefamylje Kromminga sloech dêr lang foar master op. Letter wienen dat de famylje Sluiter en de frijhearen von Rheden.

De nazys hawwe ynwenners fan Bingum twongen sterilisearre, omdat goed 50% fan de befolking de sosjalistyske of kommunistyske kant oerhong.

Bingum hat in 13e-iuwske rjochthoekige sealtsjerke mei in healrûne apsis, de Matteüstsjerke, mei in klokketoer út 1766 dêrnjonken. It falt op dat it (fan 1525 ôf) in Lutherske tsjerke is, wylst suver alle oare tsjerken yn de omkriten Kalvinistysk binne.

De nije buorren oan de noardkant fan it plak hjitte Neubingum. De buorskippen Nortmerfähr en Uthörn binne dêryn opgien. It eilantsje Bingumer Sand yn de Iems hat in lytse haven foar de plesierfeart.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wilhelm Lange: Die Familien der Kirchengemeinde Bingum (1760–1900). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 1994, ISBN 3-925365-80-X (Ostfrieslands Ortssippenbücher, Bd. 33; Deutsche Ortssippenbücher, Bd. A 192).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


 
Stedsdielen fan Lier
Flagge fan Lier
BingumHeisfeldeHohegasteLeerortLogaLogabirumNettelburgNüttemoorSintrum