Bundesautobahn 28
Appearance
Bundesautobahn 28 | |
---|---|
Langte: | 96 km |
Kaart | |
De Bundesautobahn 28 (BAB28) is in autodyk yn it noarden fan Dútslân. De wei rint fan Lier oer Aldenburch nei Bremen. De hiele autodyk, 92 kilometer lang, is ûnderdiel fan de E22.
By Dreieck Leer giet de A28 oer yn de A31 rjochting Oberhausen. It trasee tusken Dreieck Leer en Emden (fan de A31) ferrint middels in aparte ôfslach.
By Aldenburch makket it trasee fan de A28 in oantal draaien en rint dan foar in diel by de A293 en A29 del.
Berucht is de oansluting by Delmenhorst Dêr jout de B322 fan Dreieck Delmenhorst ôf oansluting op de A1. Dy minne ferbining feroarsaket in soad files. Yn 2008 wie de B322 hielendal omboud ta autogongwei. De wei hat wyls al 2x2 rydstripen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) autobahn-online.de - Site mei ynfo oer de A28 en oare Dútsk autogongwegen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bundesautobahn 28 fan Wikimedia Commons. |