Kloppenburch (stêd)
Kloppenburch Cloppenburg | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 34.913 (2018) | |
Oerflak | 70,62 km² | |
Befolkingstichtens | 462 / km² | |
Hichte | 39 m | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Regierungsbezirk | Weser-Iems | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Boargemaster | Wolfgang Wiese (CDU) | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Webside | Offisjele webside |
Kloppenburch (Dútsk: Cloppenburg) is in Dútske stêd en it grutste plak yn it distrikt Kloppenburch yn it Regierungsbezirk Weser-Ems yn de dielsteat Nedersaksen. Kloppenburch leit yn it Aldenburger Lân tusken Osnabrück en Aldenburch, net fier fan de A1, de grutte autowei dy't it Ruhrgebiet mei Bremen en Hamburg ferbynt.
De earste histoarje fan in greefskip mei de namme Cloppenburg is út 814. It tsjerkedoarp woeks yn de midsiuwen ta in plak mei in doarpsplein, in bûtenpleats en in mûne. Greve Cloppenburg (1180-1251) hie nauwe bannen mei ferskate greefskippen yn Nederlân, lykas dy fan Arnhim en Sutfen fia de greve fan Sutfen, Otto II fan Gelre. De pleatsen leinen ferspraat om de doarpskearn hinne en de ynwenners bestienen fral fan de lânbou. Sûnt 1825 soargen de stienfabriken yn de uterwaarden ek foar wurkgelegenheid. De stêd hat hjoed-de-dei ek wat yndustry, bygelyks: Lumberg, (makket ferbiningssystemen) en Derby Cycle (fytsefabryk).
Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ien fan de grutste toeristelûkers is it Museumdoarp Kloppenburch, in neimakke midsiuwsk doarp mei rekonstruksjes fan gebouwen út it tiidrek 800 oant 1800. Der binne ek twa gebouwen út it Sealterlân.
Ferneamde minsken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Werner Baumbach (1916-1953), bommesmiterpiloat yn Twadde Wrâldkriich
- Manfred Zapatka (1942), akteur
- Lena Gercke (1988), model
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cloppenburg fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |