Bunde (Dútslân)
| Bunde | ||
| Stins fan Bunde | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Lier | |
| Stedsyndieling | 5 Ortsteile | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 7.463 (31 desimber 2024)[1] | |
| Oerflak | 120,95 km² | |
| Befolkingsticht. | 62 ynw/km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26831 | |
| Koördinaten | 53°11' N 7°16' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.gemeinde-bunde.de | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje Bunde (read) yn 'e lânkring Lier | ||
Bunde is in plak en gemeente yn 'e Eastfryske lânkring Lier yn Nedersaksen. Bunde leit yn it Reiderlân, ien fan 'e histoaryske goaen fan 'e lânkring Lier. De gemeente leit oan 'e Doalert, in bocht yn 'e Noardsee, en is de iennige gemeente fan 'e lânkring dat oan Nederlân grinzget.
Bunde bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 2001, doe't de fiif eardere doarpsgemeenten dy't lid wiene fan it doetiidske gemeenteferbân Bunde opgiene yn in nije ienheidsgemeente. Bunde heart by de lytsere gemeenten fan East-Fryslân. Mear as de helte fan 'e ynwenners wennet yn it haadplak fan 'e gemeente. Opfallend is it grutte tal Nederlanners, dat goed 9% fan 'e befolking útmakket.
Ekonomyske is de gemeente benammen ôfhinklik fan 'e lânbou en toerisme. Sûnt 1998 hat de gemeente de status fan "staatlich anerkannter Erholungsort". Produksjebedriuwen foarmje in tige lyts part fan 'e ekonomy. De ynwenners fan 'e gemeente wurkje benammen yn 'e Kreisstadt Lier. De Nederlânske ynwenners reizgje foar harren wurk meastentiids nei Nederlân.
De wichtichste monuminten fan 'e gemeente binne de 13e-iuwske grifformearde krústsjerke yn it haadplak en de stins Bunderhee, ien fan 'e âldste Eastfryske boargen. Yn 'e poldergebieten steane útsûnderlik grutte pleatsen.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Bunde bestiet út fiif doarpsgebieten (saneamde Ortschaften):
| kaart | Ortschaft | bysûnderheden |
|---|---|---|
| Boen | ||
| Bunde | haadplak | |
| Bunderhee | ||
| Dollart | Poldergebiet: Bunderhammrich, Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Heinitzpolder, Kanalpolder en Landschaftspolder | |
| Wymeer | in doarp, dêr't ek de plakken Bunderneuland, Heerenland en Kloster Dünebroek ûnder falle |
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e gemeente Bunde wurdt njonken it Heechdútsk ek it Eastfryske Platt praat, dat yn in grut part fan East-Fryslân in tige sterke ynfloed fan it Nederlânsk ûndergien hat. Om't de measte gemeenteleden it Heechdútsk eartiids net machtich wiene, waard tsjin it sin fan 'e oerheid oant fier yn 'e 19e iuw yn 'e tsjerken yn it Nederlânsk preke en waarden der Nederlânske psalmen songen. Ek de tsjerkeboeken waarden yn it Nederlânsk byholden. Pas nei in ferbod yn 1936 ferdwûn it Nederlânsk út de tsjerketsjinsten fan 'e grifformearde gemeenten. Troch migraasje fan Nederlanners yn 'e lêste jierren nimt it gebrûk fan it Nederlânsk wer ta as taal yn 'e hûs.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Bunde).
De measte minsken yn 'e gemeente binnen oansletten by de Evangelisch-reformierte Kirche, in kalvinistysk tsjerkegenoatskip dat te ferlykjen is mei de herfoarme tsjerke yn Nederlân.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa as de gemeenten yn it Reiderlân, en East-Fryslân yn it algemien, is yn Bunde mei it stimmen tradisjoneel de SPD de grutste partij.
Gearstalling gemeenteried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried fan Bunde bestiet út 204 leden. Gearstalling fan de gemeenteried, nei de ferkiezings fan 12 septimber 2021:
| Partij | Sitten |
|---|---|
| SPD | 11 |
| CDU | 5 |
| Bündnis/Die Grünen | 1 |
| FDP | 1 |
| BMM | 1 |
| Ellen Bahne | 1 |
| Totaal | 20 |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De stins Bunderhee
- Mûne fan Bunde
- Tsjerke fan Bunde
- Heide by Wymeer
- Landschaftspolder
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Bunde | ||
|---|---|---|
| Haadplak: Bunde | ||
| Doarpen: Boen • Bunderhee • Dollart • Wymeer | ||
| Eastfryslân | |
|---|---|
| Auwerk (haadstêd) - Baltrum - Berumbur - Blomberg - Boarkum - Brinkum - Bunde - Detern - Dornum - Dunum - Emden - Esens - Eversmeer - Filsum - Firrel - Friedeburg - Großefehn - Großheide - Hage - Hagermarsch - Halbemond - Hesel - Hinte - Holtgast - Holtland - Ihlow - Jemgum - Júst - Krummhörn - Langereach - Leezdorf - Lier - Lütetsburg - Marienhafe - Moormerland - Moorweg - Nenndorf - Neuharlingersiel - Neukamperfehn - Neuschoo - Norden - Norderney - Nortmoor - Ochtersum - Osteel - Ostrhauderfehn - Rechtsupweg - Rhauderfehn - Schwerinsdorf - Schweindorf - Spikereach - Stedesdorf - Südbrookmerland - Upgant-Schott - Uplengen - Utarp - Weener - Werdum - Westerholt - Westoverledingen - Wiesmoor - Wirdum - Wittmund | |

