Springe nei ynhâld

Iems

Ut Wikipedy
Iems
De Iems mei syn streamgebiet
De Iems mei syn streamgebiet
geografy
lân Dútslân
Nederlân
ûntspringt ynflagge fan Dútslân Schloß Holte-Stukenbrock (Noardryn-Westfalen)
lokaasje boarne51° 51' 23" NB, 8° 41' 55" EL
mûnet út ynNoardsee
lokaasje mûning53° 26' 40" NB, 6° 53' 52" EL
sifers
lingte371 km
hichte boarne134 m
ôfwetteringsgeb.17.934 km²
Iems yn Meppen
De Iems in pear hûndert meter fan de boarne yn Schloß Holte-Stukenbrock
De Iemstunnel by Jemgum

De Iems (Dútsk: Ems, Nederlânsk en Nederdútsk Eems, Sealterfrysk: Oamse) is in rivier yn it noardwesten fan Dútslân troch East-Fryslân. De rivier rint troch de dielsteaten Noardryn-Westfalen en Nedersaksen en einiget yn it grinsgebiet fan Nederlân en Dútslân.

De rivier begjint yn de Senne yn de gemeente Schloß Holte-Stukenbrock yn it Teutoburgerwâld en einiget oer de Doalert en de Waadsee yn 'e Noardsee. De Iems hat in lingte fan 371 kilometer, dêr't 238 kilometer fan befarber binne. It Iems-Jadekanaal, dat by Emden begjint, ferbynt de Iems mei rivier de Jade. It Dortmund-Iemskanaal rint foar in grut part parallel by de Iems lâns.

Oer it waad tusken de eilannen Rottumereach en Boarkum wurdt de Westeriems neamd, oarekant Boarkum en it eilân Júst hjit Easteriems.

Ien fan de rjochtersydrivieren is de Hase. Dy ûntspringt yn it Teutoburger Wâld en spjalt him by in bifurkaasje yn de Eise, dy't nei de Weser rint, en winliken de Hase dy't by Meppen yn 'e Iems útmûnet. In oare sydrivier is de Leda, dy't by de stêd Lier yn 'e Iems útmûnet. Lofter sydrivieren binne ûnder oaren, de Werre, dy't by Múnster yn 'e Iems útmûnet, de Múnsterske Aa en de yn Nederlân sterk kanalisearre damsterdjip.

By Meppen leit de Emsbrücke dêr't de B402 oerhinne rint, en by Weener de Friezebrêge (Friesenbrücke), in spoarbrêge, dêr't de Wiederline oer rint. Tusken Lier en Emden, en tusken de Eastfryske doarpkes Gandersum oan 'e noardouwer, en Nendorp oan 'e súdouwer, is de Iemskearing. By Jemgum rint de A31 yn 'e Iemstunnel ûnder de rivier troch.

Tusken Emden en Delfsyl, foarmet de Iems de grins tusken Nederlân en Dútslân en wie it ûnderwerp foar in lytse skeel: neffens Nederlân rint de grins troch it geografyske midden fan 'e rivermûning, wylst Dútslân fan betinken is dat er troch de djipste slinke rint, dy't deaun oan de Nederlânske kust yn Grinslân leit. Om't alletwa lannen befreone steaten binne en in iepen grins hawwe, bleau it by in akkoart om it net iens mei-inoar te wêzen. De kwestje waard yn oktober 2014 freonlik skikt.

De Iems wie al bekend by ferskate skriuwers út de Aldheid: Plinius de Alde yn Natuerlike Histoarje (4.14), Tacitus yn de Annalen (Boek 1), Pomponius Mela (3.3) en Strabo en Ptolemeüs, Geografy (2.10). Ptolemeüs brûkte de namme Amisios potamos, yn it Latyn Amisius fluvius. Oaren brûkten deselde namme of Amisia, of Amasios. Dat it om ien en deselde stream giet is wis, want hja jouwe it altyd in plak tusken de Ryn en de Weser oan, en boppedat wie it de iennichste rivier dy't nei it Teutoburger Wâld late.

Stêden en gemeenten oan de Iems

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wetterlossings op de Iems

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]