Leda
| Leda | ||
| By Lier rint de Leda (rjochts) yn de Iems | ||
| geografy | ||
| lân | ||
| ûntspringt yn | noardwestlik fan Spahnharrenstätte | |
| lokaasje boarne | 52° 52' 35" NB, 7° 34' 11" EL | |
| mûnet út yn | Iems by Leerort | |
| lokaasje mûning | 53° 12' 37" NB, 7° 25' 27" EL | |
| plakken | Breddenberg, Seedelsbierich, Roomelse, Strukelje, Potshuusen | |
| sifers | ||
| lingte | 72,2 km | |
| hichte boarne | 31 m | |
| ôfwetteringsgeb. | 2.096,5 km² | |

De Leda is in rivier yn Eastfryslân. It is in sydrivier fan de Iems en rint by Lier yn de Iems. De Leda hat in lingte fan 72 kilometer, dêr't 25 befarber fan is.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan de rivier komt komt foar it earst skriftlik foar as fluvium Lade en komt fan de earste helte fan 'e 9e iuw. De namme komt mooglik fan it Aldsaksyske wurd lēda (lieding, wetterrin).
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Leda ûntspringt as Oaje, noardwestlik fan it Iemslânske Spahnharrenstätte. Nei 24 km komt de Oaje 9 km westlik fan Friesoythe gear mei de Marka ta de Sealter Ie. Tusken Roomelse en Strukelje begjint de ynfloed fan de tij.
By de buorskip Roagebierich noardlik fan it Sealterlân komt de Sealter Ie út yn it Elisabethfehnkanaal en it Barsseler Djip. Uteinlik komme nei 0,56 kilometer dy rivieren tegearre út yn de Leda. By Wiltshusen besuden fan Lier rint it sydrivier Jümme yn de Leda. By Lier leit in keardaam yn de Leda, de Ledakeardaam (Ledasperrwerk).
By de mûning makket de Leda in skerpe bocht nei rjochts. Dêrtroch leit de lântonge Leerort tusken de rjochterouwers fan 'e sydrivier en de haadstream. Op dy lântonge waard yn 'e 15e iuw in fêsting Leerort boud, dêr't allinnich mar in pear oerbliuwsels yn it foarlân fan de dyk te sjen binne. Súdlik fan 'e mûning is it Oerledingerlân ("lân oer de Leda"). Dêr leit it doarpke Kloster Muhde ("Muhde" fan it Aldfryske mutha = mûning).
Trochdat de Iems úteinlik yn de Noardsee útkomt is yn de Leda it tij te fernimmen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leda (Fluss) fan Wikimedia Commons. |