Westeriems

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Westeriems súdwestlik fan Borkum

De Westeriems (Dútsk: Westerems) is de westlike ûnderrin fan de rivier de Iems yn de Iemsmûn. De Iems streamt fia de Dollard; op likernôch de hichte fan de Iemshaven splitst er yn de Westeriems en de Easteriems. De Iems mûnet fia de Westeriems tusken de waadeilannen Borkum en Rottumereach út yn de Noardsee. De rin foarmet de grins tusken Dútslân en Nederlân.

Fan 1810 oant 1814, yn de Frânske tiid, bestie der in Frânsk Departemint Westeriems.