Werse

Ut Wikipedy
De útmûning fan de Werse yn de Iems

De Werse is in 67 km lange sydrivier fan de Iems yn Münsterlân, Noardryn-Westfalen. It ôfwetteringsgebiet fan de Werse beslachtis 762.47 km².

Rin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Werse ûntstiet yn de Beckumhichten ûnder Beckum út trije haadstreamen: de Lippbach, Kollenbach en Siechenbach. De namme Werse wurdt brûkt fanôf de Osttor en boppe de Kollenbach. Fan Beckum ôf rint de Werse nei it westen. Koart stik foar Ahlen draait er nei it noardwesten en by Drensteinfurt en dêrnei oer Albersloh rint er nei it noarden. By Münster-Gelmer mûnet er út yn de Iems. It wetterpeil wurdt mei ferskate keardamen regele.

Fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Werse is populêr by angelfiskers fanwege syn rikens oan fisk. Bears (twa soarten), Snoek, Mearfal en wytfisk lykas Karper, Mûdhûn, Brazem komme der yn foar. Fierders komme mear seldsume bisten sa as de Iisfûgel en Ringslang op syn iggen foar.

Sport en toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kano's op de Werse by't winter

De Werse is de thúsrivier fan de kanoklups Albersloher Kanu Club 1989, Paddelsport Münster von 1923, Kanuverein Münster 1922 Teffens binne der in soad boathuzen fan studinteferienings oan de rivier. Fral yn de simmer wurdt de rivier in protte brûkt troch boatsjeminsken, dy't ek in boat hiere kinne by ien fan de protte ferhierbedriuwen.

April 2007 waard de Werseradweg, in fytsrûte, iepene. Dy begjint yn Rheda-Wiedenbrück en rint 122 km de Werse bylâns en troch de omkriten fan it wetter. It fytspaad einiget by de mûning yn de Iems by Münster-Gelmer.

Sydrivieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]