Lingen (Iems)

Ut Wikipedy
Lingen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Iemslân
Boargemaster Heiner Pott (CDU)
Sifers
Ynwennertal 54.708 ((2019))
Oerflak 176,13 km²
Befolkingsticht. 311 / km²
Hichte 24 m
Oar
Tiidsône CET/CEST (UTC+1/+2)
Offisjele webside
www.lingen.de
Lingen (rjochts) 1579, part fan de Nederlannen
It belis fan Lingen yn 1597 fan Maurits fan Oranje

Lingen is in plak yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Iemslân.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lingen waard foar it earst neamd yn it jier 975. De skiednis fan Lingen is fral fan de sechtjinde iuw ôf ferbûn mei it Hûs fan Oranje. Lingen lei op in krúspunt fan twa wichtige wegen, de Flaamske en de Fryske "Straße" en wie dêrom al yn de Midsiuwen in hannelsplak. Lingen hearde yn 1227 by it Greefskip Lingen, dat ta de Nederlannen rekkene waard. Yn 1597 ferôvere Maurits fan Oranje de festingstêd Lingen. Yn 1606 oermastere Ambrogio Spinola de stêd. Yn 1632 gong Lingen oer yn it besit fan it Hûs fan Oranje. Oant de dea fan steedhâlder Willem III yn 1702 wie it in diel fan de Nederlannen, dêrnei waard it Prusysk eigendom. Letter wienen efter elkoar Napoleon Bonaparte, Prusen, Hannover en nochris Prusen oan bar. Distiid is Lingen in selsstannige stêd yn Nedersaksen.

Oant om 1920 hinne wie it Nederlânsk noch altyd de taal fan de strjitte en yn tsjerke. Wilens hawwe it Dútsk en it Nedersaksysk it plak fan it Nederlânsk ynnaam.

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Lingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]