Springe nei ynhâld

Ambrogio Spinola

Ut Wikipedy
Ambrogio Spinola skildere troch Michiel Jansz van Mierevelt yn 1609

Ambrogio Spinola, markys fan Los Balbases, (Genua, 1569 - Castelnuovo Scrivia, 25 septimber 1630) wie in militêr strateech fan oansjen. Spinola trede yn 1598 yn militêre tsjinst. Hy waard yn 1601 troch de Spaanske kening Filips III nei de Nederlannen stjoerd om de aartshartoch Albrecht fan Eastenryk militêr by te stean, dy't it jier dêrfoar de Slach by Nijpoart ferlern hie.

Spinola stamme út in ferneamd Italjaansk laach. Ien fan syn foarâlden soe by de Earste Krústocht in toarne fan de toarnekroan fan Jezus fûn hawwe, oan dy leginde tanke de famylje har namme (spinula betsjut 'toarne'). Spinola hearde ta de Oarder fan it Goudene Flues.