Weener

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing Weener yn Lier
Wapen stêd Weener
De âlde haven fan Weener
Gemeentehûs yn Weener
Katolike Sint-Josephtsjerke yn Weener

Weener is in stêd en gemeente yn de Dútse dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Lier. De gemeente hat 16.000 ynwenners. Weener foarmet mei de gemeenten Jemgum (Jemmingen), Bunde en it doarp Bingum fan de gemeente Lier it Dútse diel fan it Reiderlân yn East-Fryslân. De stêd waard foar it earst neamd yn in kleasterferslach fan 951.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente bestiet út de folgende kearnen:

De kearnen binne ûnderbrocht yn 8 kearngebieten (Ortschaften), dy't de eardere gemeenten binne.

Gemeentlike weryndieling 1973[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenten Beschotenweg, Diele, Holthusen, Kirchborgum, Stapelmoor, St. Georgiwold, Vellage, Weenermoor en Weener waarden per 1 jannewaris 1973 gearfoege ta de nije gemeente Weener.

De eardere gemeenten hawwe elts in fertsjintwurdiger (Ortsvorsteher) by de gemeente. Dy amtner hat de belangen fan it kearngebiet foar de organen fan de gemeente oer op'e noed, mar ferfollet ek helpfunksjes foar itselde gemeentlik apparaat.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weener hat in oerflak fan 81 km². It plak is goed te berikken oer de dyk, fia de Dútse A31 Leer-Ruhrgebiet en oer de A7/Dútse A280 Grins-Bunde. Weener hat teffens in stasjon oan it spoar Leer-Bad Nijeskâns-Grins. Weener leit oan de rivier de Iems. Oer dy rivier leit sûnt 1876 de Friezenbrêge.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeenteried[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Weener telt 32 sitten. Ek de boargemaster hat it rjocht op in sit yn de rie.

De sitferdieling is sûnt 2006 sa:

Partij/Groep % stimmen Sitten
SPD 53,0% 17
CDU 19,6% 6
Unôfhinklike Kiesmienskip Weener 19,0% 6
Bündnis 90/Die Grünen 5,6% 2
FDP 1,9% 1
Linke Alternative Landkreis Leer 0,8% 0
Boargemaster 1

Boargemaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme % stimmen
Wilhelm Dreesmann (partijleas) 51,9%
Rüdiger Kibilka (SPD) 48,1%

De boargemaster, Wilhelm Dreesmann, is rjochtstreeks keazen. Hy is ek lid van de ried (kraft Amtes), ûnôfhinklik en gjin diel fan in fraksje. Dat omdat er as boargemaster boppe de partijen stean moatte kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weener fan Wikimedia Commons.