Springe nei ynhâld

Eastfrysk (Nederdútsk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastfrysk Plat)
Eastfrysk (Nederdútsk)
algemien
oare namme(n) Eastfrysk Plat
eigen namme oostfreesk, oostfräisk
lânseigen yn Dútslân
tal sprekkers ~200.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Nederdútsk - Friso-Saksysk - Eastfrysk Plat
dialekten Sjoch dialekten
taalstatus
offisjele status erkend as Nederdútsk
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 frs
ISO 639-3 frs
Fersprieding fan 'e Friso-Saksyske dialekten.

Eastfrysk of Eastfrysk Nederdútsk (ek: Eastfrysk Plat, Eastfrysk: Oostfreesk, Oostfräisk of Oostfräisk Tóól[1]) wurdt sprutsen yn East-Fryslân en is in fariant fan it Nederdútsk. It Eastfrysk Plat en it Grinslânsk wurde meastal as ien dialekt beskôge.

It Plat of Nederdútsk hat tusken de 15e en 18e iuw de oarspronklike Fryske taal fan East-Fryslân ferdreaun. Troch it Fryske substraat is it in bysûndere fariant fan it Nederdútsk en wurdt dêrom ek wol oantsjutten as Friso-Saksysk dialekt. Hjoed-de-dei wurdt mei Eastfrysk faak it Eastfrysk Plat bedoelt, de oarspronklike Eastfryske taal libbet allinnich noch yn it Sealterlân.

It Eastfrysk Plat is ûnderdiel fan it Nederdútsk. Lykwols is de oarsprong fan de taal net it Aldnederdútsk, krekt as by de oare Nederdútske tongfallen (útsein it Grinslânsk) wol it gefal is. Yn de midsiuwen wie it Aldfrysk yn Grinslân en Eastfryslân de algemiene omgongstaal. Yn dy sin is it Eastfrysk, krekt as it eardere Eastnederdútsk, in saneamd „koloniaal dialekt“. It Grinslânsk en Eastfrysk Plat hienen yn de tiid fan it Middelnederdútsk ien mienskiplik skriuwdialekt.[2] It Eastfrysk Plat is ien fan de Friso-Saksyske dialekten.

Troch ferskillende histoaryske faktoaren hawwe it Nederlânsk en Frânsk fan ynfloed west op it Eastfrysk Plat. Sa binne der ferskillende wurden dy't fan Nederlânske of Frânske komôf binne.

Hoewol't men it Grinslânsk en Eastfrysk Plat as ien dialekt sjen kin, wurde de beide talen dochs oars skreaun. De ferskillende skriuwwizen binne ûnder ynfloed fan de standerttalen Nederlânsk en Dútsk ûntstien.

Taalgebiet

De dialekten fan it Eastfrysk Plat kinne fan doarp ta doarp ferskille. Meast binne dy ferskillen net botte grut. It Frysk Plat hat winliken twa haaddialekten. Yn it easten fan it taalgebiet wurdt it Harlingerlanner Plat sprutsen, it lytsere haaddialekt. It dialektgebiet komt sawat oerien mei it hjoeddeistige Landkreis Wittmund. Dy dialekten komme sterker oerien mei de buordialekten fan it Nederdútsk en der is gjin hurde grins ta it Jeverlanner en Aldenboarger Plat. De westlike dialekten ferskille sterk fan it Nederdútsk fan Aldenboarch en it Iemslân. Fan de westlike dialekten steane it Reiderlanner en Boarkumer Plat hiel tichtby it Grinslânsk.

Foar bûtensteanders wurdt it ferskil tusken it Harlinger Plat en de westlike dialekten gau dúdlik troch it wurdsje foar prate. Yn it Harlingerlân sizze se schnacken', krekt as de dialektpraters tusken Aldenboarch en Sleeswyk. De oare Eastfriezen sizze allegear proten. De dialektgrins fan de beide haaddialekten komt suver ien-op-ien oerien mei de dialektgrins fan it Aldfrysk, mei it Iemsfrysk yn it westen en it Wezerfrysk yn it easten.

Yn in publikaasje fan Marron Curtis Fort oer it dialektferskaat fan it Grinslânsk, Eastfrysk Plat en Sealterfrysk wurde in stikmannich eksimpels jûn út de doarpen/eilannen: Boarkum, Bunde (Reiderlân), Auwerk, Baltrum, Wittmund (Harlingerlân) en Rhauderfehn.[3]

In oare dialektyndieling kin makke wurde op basis fan it au-lûd:

  1. Auwerk, Emden, Brookmerland, Krummhörn: au
  2. Leer, Reiderlân en Westoverledingen: eau
  3. Rhauderfehn, Ostrhauderfehn, Jümme, Großefehn: öy
  4. Norden, Harlingerlân, Jeverlân: ou

Yn it foarbyld hjirûnder wurdt de skriuwwize fan Holger Weigelt brûkt:

  1. Mauder, dau mii däi bauken, ik maut nóó d' skaul tau.
  2. Meauder, deau mii däi beauken, ik meaut nóó d' skeaul teau.
  3. Möyder, döy mii däi böyken, ik möyt nóó d' sköyl töy.
  4. Mouder, dou mii däi bouken, ik mout nóó d' skoul tou.

De oarspronklike taal tusken Lauwers en Wezer wie it Aldfrysk. Sûnt de 15e iuw waard it Middelnederdútsk hieltyd belangriker yn Eastfryslân. Ubbo Emmius skriuwt oan 'e ein fan de 16e iuw oer it Aldfrysk as de taal fan Eastfryslân, mar liket dan al yn grutte dielen fan Eastfryslân ferdwûn.[4] Om 1600 binne grutte dielen fan Eastfryslân oergong op it Eastfrysk Plat, in eigen fariant fan it Nederdútsk. Der binne om 1600 hinne noch wat Fryske taaleinlantsjes yn Harlingerlân, Sealterlân, Lân Wûrsten en Wangereach.[5] Om 1700 hinne stjert de Fryske taal yn it Lân Wûrsten út, om 1800 yn it Harlingerlân en om 1950 hinne stjert ek it Wangereachsk út. It nije Middelnederdútsk waard stadich troch hieltyd gruttere dielen fan de befolking oernommen, mar de nije taal waard ek bot beynfloede troch it Frysk. Sels de dialektskieding fan it Iemsfrysk en Wezerfrysk, dy't der yn it Aldfrysk wie, is hjoed-de-dei ek yn it Eastfrysk Plat oanwêzich.

It Eastfrysk Plat hie net allinnich in sterk Frysk substraat, mar behold ek in protte âlde Middelnederdútske wurden dy't yn oare Nederdútske dialekten net bewarre waarden. It Middelnederdútsk dat nei Eastfryslân kaam is in westlike fariant fan it folle gruttere Nederdútske taalgebiet, dêrom binne der ek Westfaalske ynfloeden yn de taal oanwêzich.

Yn de Reformaasje waarden grutte dielen fan Eastfryslân evangelysk. Eastfryslân luts in protte religieuze flechtlingen út de Nederlannen oan en dêrmei begûn de ynfloed fan it Nederlânsk op it Eastfrysk Plat. Oan 'e 19e iuw ta bleau it Nederlânsk de tsjerketaal yn it súdwesten fan Eastfryslân. Dêrneist wie de ôfstân ta it Nederlânske taalgebiet fan belang foar de ûntwikkeling fan it Eastfrysk Plat, want de talen wienen konstant mei elkoar yn kontakt. Yn de Frânske tiid hearde Eastfryslân by it Keninkryk Hollân en it Eastfrysk Plat hat doe frijwat Frânske wurden út it Frânsk opnommen.

Troch hegere ynfloed fan it Heechdútsk nimt it tal sprekkers njonkelytsen ôf. Likernôch 50% fan de Eastfriezen kin Eastfrysk Plat ferstean en prate. Under de jeugd kin likernôch 20 persint Eastfrysk Plat prate, en 50 persint fan de jongerein kin it ferstean.[6]

Ferskillen mei it Nederdútsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fonologyske ferskillen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn alle Germaanske talen bestiet der in ferskil tusken koarte en lange fokalen. It Eastfrysk Plat hat kin sawol de koarte as ek de lange fokaal in taheaksel krije. Sa kin der oan in koarte fokaal in sjwa taheakke wurde, mar dat makket de koarte fokaal noch net lang. Lange fokalen kinne noch in stikje ferlinge wurde, dus noch langer as it lange fokaal al is. By ferlingde lange fokalen wurdt de lange fokaal noch in stik fierder útsprutsen. Sa wurdt der in ferskil makke tusken „lange fokalen“ en „ferlinge lange fokalen“. It ferskil yn útspraak hat ornaris ek in ferskil yn betsjutting fangefolgen.

Leksikale ferskillen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Eastfrysk Plat ferskilt in soad fan de oanbuorjende Nederdútske dialekten, útsein it Grinslânsk. Sa is der it bekende ferskil fan prooten ynstee fan snacken, tûun ynstee fan gaarn en mooj ynstee fan schön/scheun, ensafh.

Frysk Eastfrysk Grinslânsk Noardnederdútsk Nederlânsk Ingelsk Dútsk
har höör heur ehr haar her ihr
moai, kreas mooj mooi, schier scheun mooi beautiful, nice, fine schön
barren geböören gebeurn passeern gebeuren to happen geschehen
prate prooten proaten snakken praten to talk, to prate sich unterhalten
net näit nait nich niet not nicht
wie was was wer was was war

Grammatikale ferskillen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek grammatikaal frijwat ferskillen mei it Nederdútsk sa't dat yn Dútslân praat wurdt troch de oanbuorjende dialekten fan it Eastfrysk Plat. De grutste systematyske ferskillen mei it Nederdútsk binne:

Meartalsfoarming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Eastfrysk Plat wurdt oan it haadwurd in -en of -s taheakke om der in meartalsfoarm fan te meitsjen. Yn it Nederdútsk is dat meastal -er, -s, der wurdt gebrûk makke fan de Umlaut of de nul-meartalsfoarm om it meartal oan te jaan.

Eastfrysk Nederdútsk Frysk
boomen Bööm beammen
appels Äppel apels
fisken Fisch fisken
steeden Städer stêden

It Nederdútsk dat yn Dútslân praat wurdt hat foar it artikel de de manlike namfal den. It Eastfrysk Plat hat gjin namfallen.

Krekt as yn it Nederlânsk en Westlauwersk Frysk brûke ek de sprekkers Eastfrysk Plat gauris in ferlytsingswurd. De ferlytsingssuffiksen binne -je, -tje en -ke. Bgl. fautjes = fuotsjes, kluntje = sûkerklontsje, lüüntje = sweltsje (Passer domesticus), tüütje = hintsje. Yn it Grinslanner Plat hawwe se deselde wurden: voutjes (vout), klontje (klont). luntje (lunt). tuutje (tuut).

Persoanlike foarnamwurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de persoanlike foarnamwurden wurdt höör (har) brûkt ynstee fan it Nederdútsk eer en hum (him) foar it Nederdútske eem brûkt.

Freegjende foarnamwurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de persoanlike foarnamwurden wurdt wel (wa) ynstee fan it Nederdútsk wokeen en woo (hoe) ynstee fan it Nederdútsk woneem brûkt.

Yn it Eastfrysk Plat wurdt oan it haadwurd in -ent taheakke om der in meartalsfoarm fan te meitsjen. Yn it Nederdútsk is dat meastal -t. Eastfrysk Plat: wii kooment, Nederdútsk: wi kamt.

List mei Fryske substraatwurden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frysk tusken Lauwers en Wezer hat allinnich yn it Sealterlân oerlibje kind. Dochs binne der yn it Eastfrysk ek frijwat oarspronklik Fryske wurden bewarre bleaun. Yn de list hjirûnder wurde Eastfryske wurden ferlike mei Fryske wurden dy't op skrift oerlevere binne út it Harlingerlân, Lân Wûrsten en it eilân Wangereach[7] :

Eastfryk Dútsk Frysk (Harlingerlân) Frysk (Wangereach) Frysk (Lân Wûrsten) Aldfrysk
bâab Papa, Väterchen babbe bab
bâau Viehbremse bawen
bäep Oma, Großmutter
ai Mutterschaf ai
âajd Egge eyde/ihde eide
flöstern umziehen flóster
fôon Mädchen fohn faun fámne
grinnen schmerzen gryhnen grín grinda
graum Fischeingeweide graum
heller Außendeichsland
hemmel sauber
hemmel Reinigung
hemmelerğ reinlich
hemmeln reinigen
hemsken reinigen
hoek Mantel hokka
hüüdel Kloß hühdels
jier Jauche jere
koeb Möwe kâb
käil geronnene Milch kehl kêl kerl
klâamp Steg klampe klamp
krueb Mauerassel
laajen blitzen
lâajd Biltz layde leith / leid
leep Kiebitz leep
lîiv Austernfischer lîv
lauğ Dorf lauch lōch / lōch
mäem Mutter mem mäm
prâal Hoden pralling
kwinken / kwinkōgen zwinkern quink quinka
rêev Gerät rêv
rîiv Harke Hrīve
sğuenk Schenkel skunk / skunka
sğursğot Libelle schûrschot
berselm Vorderkante des Wandbettes beddeselma
smäint kleine Ente
stoom Dampf
suupen Buttermilch suhpe
taum Nachkommenschaft tâm
tûun Garten thuen tûnn tūn
tusk Zahn tusck tusk tusk
wôoğ Wand waage wôch wâg / wâch
wóóel Striemen
waaj Molke wôi hwajja / hwajjô
wîik Kanal
wiers Reihe gemähtes Gras wirsene
heef Wattenmeer hef
ieng Wiese
jadder Euter jader
gunner Ganter / Gänserich gôner gunder / gonder
tuelğ / täelğ Ast / Zweig tulg
wiif Weib wuff wīf
moot Scheibe Fleisch māte
gâasp Schnalle
gâast Geest gâst
mâan Gemeinschaft manda
ôok zusätzliches Stück Land âka
mâar Grenzgraben mâr
äies Aas / Köder ês
eet Speise ēt
mäied Wiese mēde
täik Treibsel / Angespültes
wäil Kolk / Brake
gräied Grünland grēd
täimen Heu in Haufen schieben
niitel stößig nîtel
kwiiver lebhaft quîver
kwiivern gedeihen
rim Einfassung rima
stiikel steil
stiikel Stachel stîkel
tîik Käfer
trîim Leitersprosse
îin Granne
hîil Ferse hiell hîl heila
d'mäied Flächenmaß deimēth / dîmēth
lôon Gasse lone
rôop Seil raap râp
rauf ein Garnmaß
hâajd Haut heude haid hēd / heid / heide
stiets erstkalbende Kuh stirtze / sterkiō
biets Xanthippe bitze
blits Dreck bletz blets bletza
tiel Brücke till thille
tielen Dielenlage
tjoó Wasserzug tiā
jäipke Mehlbeeren
tjüch Flächenmaß tioche / tioche
tjukken stoßen
tjukseln schlagen / stolpern
tjüddern anpflokken

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wiky-projekten yn it Eastfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://oostfraeisk.org
  2. Robert Peters: Überlegungen zu einer Karte des mittelniederdeutschen Sprachraums. In: Niederdeutsches Wort. 24, 1984, siden 51–59.
  3. Marron C. Fort: Niederdeutsch und Friesisch zwischen Lauwerzee und Weser..
  4. Marron Fort. 2015. Saterfriesisches Wörterbuch. Yn it foarwurd.
  5. Der Niedergang des friesischen zwischen Lauwers und Weser. Yn: Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies. Side 432. 2001
  6. Deutsche Welle: Dat Platt soll bleiben
  7. Haider, Horst / Århammer, Nils / Faltings, Volker / Hoekstra, Jarich / Vries, Oebele / Walker, Alastair / Wilts, Ommo : Handbuch des Friesisch - Handbook of Frisian Studies; Niemeyer Verlag 2001