Saksyske Skeel

Ut Wikipedy
Edzard de Grutte
George fan Saksen (Joaris mei it burd)

It Saksyske Skeel wie in oarloch yn de jierren 1514-1517 tusken Edzard de Grutte en legers fan it Hillige Roomske Ryk. Yn de oarloch waarden ferskillende fjildslaggen dien dy't fral yn East-Fryslân en de Ommelannen foarfoelen. Yn 1515 ferkocht George fan Saksen syn oanspraken op Westerlauwersk Fryslân en Grinslân oan keizer Karel V en kaam in ein it skeel. Dêrmei kaam ek in ein oan de Saksentiid yn Fryslân en de tsjintwurdige provinsjes Fryslân en Grinslân waarden opnommen yn it Nederlânsk steatsferbân. East-Fryslân, dêr't de measte fjildslaggen plakfûnen, bleau neffens it fredesferdrach fan 1517 selsstannich mar moast in lyts part fan har gebiet ôfstean oan it Greefskip Aldenboarch.

Ferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oar leger fan it Hillige Roomske Ryk ûnder lieding fan de greve fan Aldenboarch falt yn 1514 de Bûtjadinger Friezen oan yn de Slach by Langwarden. Tagelyk foel in oar leger fan it Hillige Roomske Ryk mei 20.000 man in fêsting by de stêd Lier oan. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en it grutte leger luts him werom. Dêrnei naam it leger fan de greve fan Aldenboarch mei de East-Fryske haadling Hero Omken fan Esens de boarch fan Grutsander yn. Hero Omken gie fierder en fernielde de trije boargen fan Dornum. Ek de fêsting by Stikhuzen gie yn dy rite ferlern. Edzard moast him weromlûke en stuts as dekking it Kleaster Mearhuzen yn 'e brân. De stêd Auwerk waard oanfallen en troch gefjochten en brânstifting alhiel ferneatige. Op in oar front feroveren soldaten fan de 'Swarte Garde' de Kommenderij Dunebroek. Dêrnei folge de ferneatiging fan Buermunken, Tjuche, Lierhaven en Rispel. De Fredeboarch kapitulearre. De boarch fan Aldgeudens waard ferneatige en de Boarch fan Kniphuzen ynnommen. Dêrnei kaam it op 14 juny 1514 by Oldersum ta in gefjocht tusken East-Friezen en de Swarte Garde. Dat wie de earste kear dat de Swarte Garde net fierder kaam. Op 16 augustus waard foar in twadde kear fergees besocht de stêd yn te nimmen. Yn 1515 kearde it tij foar Edzard de Grutte. De boarch by Grutsander en Bûtjadingen wurde werom ferovere. It konflikt duorre noch oant 1517. Yn 1516 gie de skâns by Deteren ferlern. Oan it begjin fan 1517 slagge it Edzard de Grutte om de Fredeboarch werom te feroverjen. Troch de Zeteler Frede fan 3 desimber 1517, tekene mei twa oare greven fan it Hillige Roomske Ryk, wurdt it súdeasten fan East-Fryslân definityf ynlive by Aldenboarch.

Gefolgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de fredesferklearring krige er de macht oer East-Fryslân tusken Wezer en Iems, útsein it súdeastlike part (Fryske Wâld, Ald-Frysk; Fresscken Weede, Dútsk; Friesische Wehde). Syn ambysjes om westlik te ekspandearjen liet er gewurde. Doe't Edzard syn soan Enno II him net oan it houliksferdrach fan 1517 mei Maria fan Jever hold, stjoerde sy de East-Friezen yn 1531 fuort. Sy joech it Jeverlân as liengebiet oan Karel V. Nei de dea fan Maria fan Jever kaam it Jeverlân by it Greefskip Aldenboarch.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]