Springe nei ynhâld

Holthuserheide

Ut Wikipedy
Holthuserheide
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal 396 (31 desimber 2017)
Hichte 2 meter boppe NAP
Oar
Postkoade 26826
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener

Holthuserheide is in Ortsteil fan de stêd Weener yn it Eastfryske Reiderlân (Nedersaksen).

Kaart fan it Reiderlân

De kolonisaasje fan it plak westlik fan Holthusen begûn oan it ein fan de 18e iuw op in foarhinne noch net oantaaste feangebiet. Foar it earst komt de namme fan Holthuserheide foar op in kaart út 1805. Yn 1823 wennen yn de koloanje 172 minsken ferdield oer 34 hûshâldings en yn 1848, doe't it tal ynwenners groeide nei 352 minsken yn 42 hûshâldings, helle Holthuserheide it memmedoarp Holthusen kwa ynwennertal sels yn. Ien Holthuserheidster hûshâlden telde yn dy tiid dus yn trochsnee 8,3 persoanen.

Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
· · Berjocht bewurkje