Diele

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Diele
Resten fan de Dieler Skâns, dy't noch it bêste fan út de loft is te besjen
Resten fan de Dieler Skâns, dy't noch it bêste fan út de loft is te besjen
Sifers
Ynwennertal 561 (2009)
Oerflak 6,63 km²
Befolkingstichtens 85 / km²
Hichte 0,4–7,5 meter
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Gemeente Weener
Oar
Webside Webstee fan de gemeente Weener
Kaart fan it Reiderlân

Diele is in doarp yn it Dútske diel fan it Reiderlân (Nedersaksen) en is in Ortsteil fan de gemeente Weener. Diele leit tusken Stapelmoor en Vellage.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diele heart ta de âldst bewenne plakken fan East-Fryslân. Yn 1994 waarden der oerbliuwsels fan in delsetting út de jonge stientiid ûntdutsen. Ut de iere brûnstiid is in stiennen bile fûn. Dêrnei bleau, lykas yn grutte dielen fan East-Fryslân, it plak oant de iere midsiuwen ûnbewenne. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Diele ien fan de earste plakken in East-Fryslân, dêr't de lju harren wer nei wenjen setten.

Yn de midsiuwen lei hjir in hannelswei fan it Munsterlân nei East-Fryslân oer in hege, drûge geast. Dizze wei bleau lang de iennichste mooglikheid om fan it Iemslân nei East-Fryslân te kommen. Diele lei hjir tusken in bocht yn de Iems en in grut feangebiet.

Nei alle gedachten waard der yn de 14e iuw begûn mei de oanlis fan de Dieler Skâns om it gebiet tsjin oanfallenfan Munsterlân te beskermjen. Doe't yn de Tachtichjierrige oarloch Nederlânske troepen nei East-Fryslân útwykten, krige Diele in bysûnder strategyske betsjutting. Om't men bang wie foar in ynfal fan de Spanjerds liet men it plak fierder fersterke en de skânsen fergrutsje. Nei de kriich ferlear de fêsting gaueftich wer syn betsjutting. It ferdigeningswurk waard noch ferskillende kearen troch bûtenlânske troepen beset, benammen yn de Tritichjierrige Oarloch, doe't earst Hessen, en letter Sweden en Nederlân de fêsting yn hannen hiene. Lang om let waard de fêsting yn 1672 troch Munsterse troepen ferwoastge.

Healwei de 19e iuw rekke Diele grutten dielen van de ynwenners kwyt troch emigraasje nei de Feriene Steaten. De flechtlingen as gefolch fan de ferdriuwing fan de Dútske befolking út East-Jeropa soarge nei de Twadde Wrâldoarloch wer foar in tydlike oanwaaks fan de Dieler befolking.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]