Springe nei ynhâld

Lier (distrikt)

Ut Wikipedy
Lânkring Lear
wapen
Statistyk
Ynwennertal169.103 (31 desimber 2024)[1]
Oerflak1.085,71 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Oar
Adres bestjoerBergmannstraße 37
26789 Leer
(Eastfryslân)
Yndieling19 gemeenten
KentekenLER
Websidelandkreis-leer.de

Lier is in distrikt (Landkreis) yn East-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, dat opjrochte is yn 1932. It distrikt hat in oerflak fan 1085,77 km² en in tal ynwenners fan 169.103 (31 desimber 2024).

It distrikt Lierhat in oerflak fan sa likernôch 1.086 km² en wurdt begrinzge troch de Kreisfreie Stadt Emden, de Waadsee en Noardsee yn it noarden, de Nederlânske grins yn it westen en it distrikt Auwerk, distrikt Wittmund yn it noarden, distrikt Kloppenburch yn it easten en it distrikt Iemslân yn it suden. It lânskip wurdt karakterisearre troch grutte feangebieten, wetterwegen, polderlânskippen en de rivier de Iems, dy't in wichtige rol spilet yn de regio.

It distrikt omfettet de stêd Lier en fjouwer histoaryske lânskippen deromhinne: Reiderlân yn it westen, Moormerlân yn it noarden, Oerledingerlân yn it súdeasten en Lengenerlân yn it noardeasten. Ek de Waadeilannen Boarkum en Lütje Hörn binne part fan it distrikt.

De skiednis fan it gebiet fan it hjoeddeistige distrikt Lier giet werom nei de midsiuwen. It gebiet wie oarspronklik bewenne troch de Friezen en hat in rike skiednis fan hannel en seefeart. It haadplak Lier wie it sintrum foar de hannel yn turf en agraryske produkten.

Nei de Prusyske anneksaasje fan it Keninkryk Hannover, wwarden op 1 april 1885 de doetiidske amten Lier en Strickhausen, allyk de stêd Lier gearfoege ta de krite Lier (Kreis Leer), mei de stêd Lier as haadplak. Nei de Prusyske kriteherfoarming op 1 oktober 1932 waarden de kriten Weener en Lier en de gemeente Boarkum gearfoege ta de hjoeddeistige distrikt Lier.

Yn de Twadde Wrâldkriich hat de regio net in soad te lijen hân. De grutste skea kaam fan weromlûkende Dútske militêren dy't de brêge oer de Iems opbliezen tsjin de oplûkende Alliearden.

De algemiene weryndieling yn Nedersaksen sette yn it distrikt Lier útein op 1 july 1968 mei it gearfoegjen fan 'e gemeenten Heisfelde en Loga mei de stêd Lier. Op 1 july 1972 skaten de gemeenten Petkum en Widdelswehr har fan it distrikt Lier ôf en waarden se by de stêd Emden yndield.

Op 1 jannewaris 1973 wie der in grutte weryndieling fan it distrikt doe't ferskate gemeenten fusearren, dêr't ûnder oaren de nije gemeenten Dollart, Moormerland, Rhauderfehn, Uplengen en Westoverledingen by foarme waarden. De gemeenten Hatshausen, Jheringsfehn en Boekzetelerfehn fan it distrikt Auwerk waarden oan 'e gemeente Moormerland tafoege. De gemeente Stiekelkamperfehn waard mei de gemeente Neuefehn út it distrikt Auwerk gearfoege ta de nije gemeente Neukamperfehn.

Op 1 maart 1974 waard Idafeen, dat oant doe part fan 'e gemeente Strukelje yn it distrikt Kloppenburch wie, lang om let part fan 'e gemeente Ostrhauderfehn en dêr waard it in part fan it distrikt Lier troch. Idafeen hearde dust oant 1974 offisjeel ta it Sealterlân en dus ek ta it Aldenburger Múnsterlân. It waard lykwols út Ostrhauderfehn wei kolonialsiearre, de omgongstaal wie it Eastfrysk Plat en de oerhearskjende leauensrjochting wie it evangelysk-luthersk.

Op 1 novimber 2001 fusearren de fiif gemeenten fan 'e gearwurkingsgemeente (Samtgemeinde) Bunde (Boen, Bunde, Bunderhee, Dollart en Wymeer) ta de ienheidsgemeente (Einheitsgemeinde) Bunde.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neikommende stêden en gemeenten lizze yn it distrikt:

Stêden Frije gemeenten Gearwurkingsgemeenten
  1. Boarkum
  2. Lier
  3. Weener
  1. Bunde
  2. Jemmingen
  3. Moormerland
  4. Ostrhauderfehn
  5. Rhauderfehn
  6. Uplengen
  7. Westoverledingen
  1. Brinkum
  2. Firrel
  3. Hesel
  4. Holtland
  5. Neukamperfehn
  6. Schwerinsdorf
  1. Detern
  2. Filsum
  3. Nortmoor

Untjouwing ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolkingingspyramide foar de lânkring Lier (boarne: Sensus 2011.)
Befolkingingspyramide foar de lânkring Lier (boarne: Sensus 2011[2].)

De lânkring Lier waard yn 1932 troch de fúzje mei de krite Weener fergrutte.

Jier Ynwenners Boarne
189048.955[3]
190052.871[3]
191056.645[3]
192561.266[3]
193999.258[3]
1950132.303[3]
1960121.200[3]
1970135.800[4]
1980141.600[5]
1990145.344[6]
2000161.425[6]
2010164.705[6]
2015167.548
2020171.483

Ekonomy en ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferkear yn Eastfryslân

De ekonomy fan Landkreis Lier wurdt foar in grut part droegen troch de lânbou, yndustry, skipfeart en toerisme. De regio is bekend om syn agraryske produkten, lykas molke, tsiis en griente. De haven fan Lier is in wichtich ekonomysk sintrum, mei skipfeart en logistyk as wichtige sektoaren. De grutste bedriuwen binne it teebedriuw Bünting (12.300 meiwurkers), rederij Hartmann AG (5000 meiwurkers), boustoffen Egbert Wilts GmbH (300 meiwurkers) en Logaer Maschinenbau GmbH (300 meiwurkers).

Toerisme spilet in belangrike rol, benammen op Boarkum en yn de histoaryske binnenstêd fan Lier. De regio is goed ferbûn troch in netwurk fan sneldiken (A31 en A28) en wetterwegen (Iems en Leda). Oare gearwurkjende havens yn de regio binne Emden, Delfsyl en Iemshaven. Der binne spoarlinen yn alle fjouwer wynrjochtingen, dus nei Emden, Aldenburch, Múnster en Grins. Noardlik fan de stêd Lear leit in lyts fleanfjild dat benammen troch hobbyfleanders brûkt wurdt.

It distrikt wurdt bestjoerd troch de Kreisrat. Dy bestiet yn Lier út 54 leden én de streekrjocht keazen foarsitter fan de Kreisrat: de Lânried. De gearstalling fan de Kreisrat:

Partij 2006 2011 2016 2021
SPD24212120
CDU19181816
Bündnis 90/Die Grünen4757
Alternative für Deutschland--43
AWG332-
FDP2113
Moin--13
Die Linke-211
Die Friesen-11-
Moormerländer Löwen---1
Bürger für Rhauderfehn11--


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www1.nls.niedersachsen.de/statistik/html/default.asp
  2. Datenbank Zensus 2011, Kreis Leer, Alter + Geschlecht.
  3. 1 2 3 4 5 6 7 https://eirenicon.com/rademacher/www.verwaltungsgeschichte.de/leer.html
  4. Statistisches Jahrbuch für die Bundesrepublik Deutschland (PPN/OAI: 514402342). Statistisches Bundesamt, Wiesbaden (1972), "21". Oproppen op 22 novimber 2025.
  5. Statistisches Jahrbuch für die Bundesrepublik Deutschland. Statistisches Bundesamt, Wiesbaden (1981), "30". Oproppen op 22 novimber 2025.
  6. 1 2 3 Landkreis Leer Demografie
Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje