Springe nei ynhâld

Göttingen (Landkreis)

Ut Wikipedy
Landkreis Göttingen
flagge wapen
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplak Göttingen
tal gemeenten 39
kenteken GÖ, DUD, HMÜ, OHA
Kreisschlüssel 03 1 59
sifers
ynwennertal 323.900 (2020)
oerflak 1.753,41 km²
befolkingstichtens 185 / km²
oar
stifting 1973
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 51°30′ N 9°56′ E
webside side lânkring Göttingen

De Landkreis Göttingen is de meast súdlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. De grinzen fan de hjoeddeiske lânkring Göttingen ûnstiene op 1 novimber 2016, doe't de besteande lânkring mei Osterode am Harz útwreide waard.

De lânkring grinzget mei de klok mei (begjinnend fanút it noarden) oan de lânkringen Northeim en Goslar (Nedersaksen), oan de lânkringen Nordhausen en Eichsfeld (Thüringen) en oan de Werra-Meißner-Kreis, oan de lânkring Kassel, oan de kreisfreie stêd Kassel en oan de eksklave Kragenhof (Hessen).

It westlike diel fan de lânkring heart noch by it Weserberchlân, wylst it easten fan de lânkring in part fan de Harz foarmet. De heechste bergen fan de lânkring lizzen yn de Harz mei toppen oant 860 meter boppe seenivo. De rivier de Leine rint troch de sintrale haadstêd Göttingen. Yn Münden yn it suden fan de lânkring rinne de Werra en de Fulda tegearre. Fanôf dat punt hjit de rivier de Weser, dy't fierderop de westlike grins fan de lânkring foarmet.

Hast de helte (45%) fan de lânkring bestiet út bosk. Yn de lânkring lizze sân bekende grotten: de Himmelreichhöhle eastlik fan Walkenried, de Lichtensteinhöhle by Osterode, de Jettenhöhle yn it natoergebiet Gipskarstlandschaft Hainholz westlik fan Düna, de Marthahöhle yn itselde natoergebiet by Düna, de Steinkirche Scharzfeld by Scharzfeld, de foar toeristen iepene Iberger Tropfsteinhöhle by Bad Grund en Einhornhöhle by Scharzfeld.

Gemeenten yn de lânkring Göttingen
Ienheidsgemeenten
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten

Samtgemeinde Dransfeld

Samtgemeinde Gieboldehausen

Samtgemeinde Hattorf am Harz

Samtgemeinde Radolfshausen

Gemeentefrij gebiet (ûnbewenne)
Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje