Wesermarsch

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Landkreis Wesermarsch
Locator map BRA in Germany.svg
flagge wapen
Flagge Landkreis Wesermarsch.svg DEU Landkreis Wesermarsch COA.svg
sifers
soarte gebiet lânkring
ynwennertal 88.524 (2019)
oerflak 822,01 km²
befolkingstichtens 108 / km²
polityk
lân Flag of Germany.svg Dútslân
bûnslân Flag of Lower Saxony.svg Nedersaksen
haadplak Brake
grutste plak Nordenham
tal gemeenten 9
kenteken BRA
Kreisschlüssel 03 4 61
oar
stifting 1885
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 53°21′ N 8°23′ E
webside side lânkring Wesermarsch

De lânkring Wesermarsch leit yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen, krekter: westlik fan de Weser tusken Bremen en de mûning fan de Weser. Haadstêd is Brake, de grutste stêd wat ynwenners oanbelanget Nordenham.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It distrikt leit oan de westlike kant fan de Wezer tusken Bremen en de mûning fan de rivier. De Hunte rint troch Aldenburch en streamt dan Westermarsch yn. Yn it noarden fan de mûning fan de Wezer en de Jadeboezem leit it skiereilân Bûtjadingen. Dêr leit ek de grutste stêd fan de lânkring: Nordenham.

Wesermarsch makket ûnderdiel út fan de Noard-Dútske Leechflakte. It oerhearskjende lânskip is seeklaaigebiet en twatredde fan de lânkring leit ûnder it wetterpeil fan de rivieren en wurdt beskerme troch diken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romeinske boarnen skriuwe dat Sjauken it kustgebiet tusken de Weser en de Iems bewennen. Bekend is Tecelia, harren hannelssintrum by de mûning fan de Hunte. Troch in hegere seespeger ferlitte de Sjauken om it jier 250 hinne it gebiet. Sûnt 400 nimme Friezen it doe noch jimmeroan ûnbewenne gebiet yn.

Westlik fan de mûning fan de Weser ûntstie it goa Rjustringen, wêrfan't it eastlike diel tsjintwurdich it noarden fan Wesermarsch foarmet. De bewenners setten sûnt de 10e iuw útein mei it bedykje fan harren fruchtbere grûn. De yn de 11e iuw boude tsjerken yn Rjustringen tsjûgje fan wolstân. Yn de midsiuwen feroarsaken slimme wetterfloeden grutte feroarings yn it ferrin fan de kust. It besykjen fan de greven fan Aldenbruch om it noardlike diel fan Wesermarsch ûnder harren kontrole te krijen mislearren ynearsten. Pas yn 1514 wist in grut feriene leger fan Aldenburch en Brunswyk yn de Slach by de Hartwarder Skâns yn de omkriten fan Rodenkirchen de Friezen fan Wesermarsch te ûnderwerpen.

Oer de skiednis fan de iere midsiuwen fan Stedingen is net in soad bekend. Yn 783 krige biskop Willehad de opdracht om it bliid boadskip yn de kustgebieten westlik fan de Weser te bringen. De Bremer aartsbiskop Adalbert liet him yn 1062 it net-bewenne gebiet tusken Aldenburch en Bremen as besit oerdrage. Nei 1062 waard Stedingen stadichoan wer befolke. Ynearsten stiften Saksen nije delsettings oan de Weser boppe de Huntemûning en oan de Ollen. Sûnt 1106 waard folk út it tsjintwurdige Nederlân nei Stedingen helle foar de ûntginning fan it gebiet. Hja krigen privileezjes, dy't te ferlykjen wiene mei dy fan de yn de noardlike delsettingsgebieten fan de Friezen.

It Friezenmonumint yn Rodenkirchen

De ûntginning brocht wolfeart, mar de greve fan Aldenburch en de aartsbiskop fan Bremen woene dêr ek finansjeel fan mei profitearje. De aartsbiskop easke tsjienden, mar de boeren fan Stedingen wegeren dy ôf te dragen. Ynearsten wisten de Friezen harren súksesfol te warjen, mar yn 1230 liet de aartsbiskop de bewenners ta ketters ferklearje, itjinge yn de jierren 1233 en 1234 ta in krústocht tsjin de Friezen liede. De aartsbiskop krige help fan Aldenburch, Brabân, Flaanderen en Hollân en in ûnbidich grut leger teach op tsjin de Friezen, dy't yn 1234 by de Slach by Altenesch harren frijheid ferlearen.

Tegearre mei it Hûs Aldenburch hearde de Wesermarch fan 1667 oant 1773 by Denemark. Sûnt 1774 foel Wesermarsch ûnder it Hartochdom Aldenburch. De bestjoersherfoarmings nei de Dútske befrijingskriich makke yn 1814 in ein oan de fâldij fan de greven en it yn de Frânske tiid troch de Frânsen ynstelde Département des Bouches-du-Weser (1811/1813).

In algemiene gebietsherfoarming yn Nedersaksen stelde op 1 maart 1974 de hjoeddeiske grinzen fêst fan de lânkring Wesermarsch.

Gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeenten yn Wesermarsch


Ienheidsgemeenten

  1. Berne
  2. Brake (Under-Weser), Kreisstadt
  3. Bûtjadingen (sit: Burhave)
  4. Elsfleth, stêd
  5. Jade
  6. Lemwerder
  7. Nordenham, stêd, (selstannige gemeente)
  8. Ovelgönne (sit: Oldenbrok-Mittelort)
  9. Stadland (sit: Rodenkirchen)

Oant de herfoarmings fan 1974 hearden ek de plakken fan de eardere gemeente Landwürden op de eastlike kant fan de Weser by de lânkring, lykas ek it riviereilân Harriersand, it likernôch alve kilometer lange eilân yn de Weser.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg