Springe nei ynhâld

Rotenburg (Wümme)

Ut Wikipedy
Landkreis Rotenburg (Wümme)
flagge wapen
polityk
soarte gebietlânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplakRotenburg an der Wümme
tal gemeenten57
kentekenROW, BRV
Kreisschlüssel03 3 57
sifers
ynwennertal164.486 (2020)
oerflak2.070,45 km²
befolkingstichtens79 / km²
oar
stifting1977
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten53°15′ N 9°19′ E
websideside lânkring Rotenburg (Wümme)

De Landkreis Rotenburg an der Wümme (ôfkoarte: Rotenburg (Wümme)) is in lânkring yn it noardeasten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. Haadstêd fan de lânkring is Rotenburg an der Wümme.

De lânkring ûntstie by in weryndieling yn 1977 troch de gearfoeging fan de lânkringen Bremervörde en Rotenburg (Wümme). De oarspronklike âlde lânkring Rotenburg (Wümme) hiet oant 1969 Rotenburg in Hannover, ôfkoart Rotenburg (Hann.).

De lânkring leit tusken Bremen, Bremerhaven en Hamburch. De lânkring grinzget yn it westen oan de lânkringen Verden, Osterholz en Cuxhaven, yn it noarden grinzget it oan de lânkring Stade, yn it easten oan Harburg en yn it easten en suden oan de Heidekreis.

De rivier de Wümme streamt fan east nei west troch de lânkring. It sompige gebiet oan de beide kanten fan de rivier wurdt de Wümmeniederung (Wümmedelte) neamt.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 waard yn Nedersaksen in herfoarming fan it bestjoer trochfierd. Dêrby ferfoel it ferskil tusken stêd en frije gemeenten, dy't tsjintwurdich ienheidsgemeenten neamd wurde. In ienheidsgemeente fiert alle gemeentlike taken selstannich út. In samtgemeinde dêrfoaroer is in gearwurkingsferbân en hat lidgemeenten. De samtgemeinde fiert foar dy lidgemeenten in tal mienskiplike taken út.

De lânkring Rotenburg an der Wümme bestiet út fiif ienheidsgemeenten en acht samtgemeinden.

Gemeentlike yndieling fan de lânkring Rotenburg

Ienheidsgemeenten:

  1. Bremervörde
  2. Gnarrenburg
  3. Rotenburg (Wümme)
  4. Scheeßel
  5. Visselhövede

Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten:

  1. Bothel*
  2. Brockel
  3. Hemsbünde
  4. Hemslingen
  5. Kirchwalsede
  6. Westerwalsede
  1. Fintel
  2. Helvesiek
  3. Lauenbrück*
  4. Stemmen
  5. Vahlde
  1. Alfstedt
  2. Basdahl
  3. Ebersdorf
  4. Hipstedt
  5. Oerel*
  1. Anderlingen
  2. Deinstedt
  3. Farven
  4. Ostereistedt
  5. Rhade
  6. Sandbostel
  7. Seedorf
  8. Selsingen*
  1. Groß Meckelsen
  2. Hamersen
  3. Kalbe
  4. Klein Meckelsen
  5. Lengenbostel
  6. Sittensen*
  7. Tiste
  8. Vierden
  9. Wohnste
  1. Ahausen
  2. Bötersen
  3. Hassendorf
  4. Hellwege
  5. Horstedt
  6. Reeßum
  7. Sottrum*
  1. Breddorf
  2. Bülstedt
  3. Hepstedt
  4. Kirchtimke
  5. Tarmstedt*
  6. Vorwerk
  7. Westertimke
  8. Wilstedt
  1. Elsdorf
  2. Gyhum
  3. Heeslingen
  4. Zeven*

* Bestjoerlike sit fan de samtgemeinde

Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: