Lüchow-Dannenberg
Landkreis Lüchow-Dannenberg | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Lüchow |
tal gemeenten | 27 |
kenteken | DAN |
Kreisschlüssel | 03 3 54 |
sifers | |
ynwennertal | 48.503 (2020) |
oerflak | 1.220,75 km² |
befolkingstichtens | 176 / km² |
oar | |
stifting | 1932 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 53°1′ N 11°7′ E |
webside | side lânkring Lüchow-Dannenberg |
De Landkreis Lüchow-Dannenberg is de meast eastlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. Mei goed 48.000 ynwenners is de lânkring neffens ynwennertal de lytste fan it lân. Ek is de lânkring de tinst befolke lânkring fan de âlde dielsteaten. De lânkring is lid fan de Metropoalregio Hamburch. Haadstêd en it plak mei de measte ynwenners is Lüchow. De op ien nei grutste stêd is Dannenberg.
De lânkring wurdt ek wol it Hannoversches Wendland neamd, fakentiden ek gewoan Wendland. Dy namme is ôflaat fan de Wenden, de eardere slavyske bewenners dy't harren dêr yn de 9e iuw nei wenjen setten en de nammen joegen (dy't fakentiden einigje mei útgong -ow) oan de hjoeddeiske ringdoarpen yn it Wendland.
De lânkring Lüchow-Dannenberg ûntstie op 1 oktober 1932 troch de gearfoeging fan de twa yn 1885 foarme prusyske lânkringen Dannenberg en Lüchow.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânkring grinzget mei de klok mei en begjinnend fanút it noardeasten oan de lânkring Ludwigslust-Parchim (yn Meklenburch-Foarpommeren), oan de lânkring Prignitz (in Brandenburch), oan de lânkringen Stendal en Altmarkkreis Salzwedel (beide yn Saksen-Anhalt) en oan de lânkringen Uelzen en Luneburch (beide yn Nedersaksen).
Lüchow-Dannenberg leit yn it Noarddútske oergongsgebiet fan it subatlantyske nei it subkontinentale klimaat. De Drawehn, in foar in part beboske en foar in part agrarysk heuvelgebiet, draacht by oan de klimaatferoaring en fuortsterket de kontinintale ynfloed op de eastlike kant fan de lânkring. De noardlike grins fan de lânkring wurdt foarme troch de brede delte fan de Elbe. Grutte dielen fan de delte binne beskerme natoergebiet. In grut part fan de lânkring wurdt ek foarme troch it Natoerpark Elbhöhen-Wendland. Troch de klimaatferoaring en de eartiids grutte oerstreamings fan de Elbe, wertroch it gebiet tin befolke bleau, hat it gebiet in grutte natuerlike diversiteit mei in tige rike flora en fauna.
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânkring Lüchow-Dannenberg is sûnt 1 novimber 2006 te ferdielen yn trije samtgemeinden mei meiïnoar 27 gemeenten en twa gemeentefrije gebieten. Fierder hat de lânkring twa gemeentefrije, net bewenne gebieten.
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten.
* Sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde
Gemeentefrije gebieten |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Lüchow-Dannenberg fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |