Elbe

Ut Wikipedy
De rin fan 'e Elbe

De Elbe (Tsjechysk: Labe) is mei in lengte fan 1164 kilometer en in streamgebiet fan 144.000 km² ien fan de wichtichste rivieren fan Midden-Jeropa. De Elbe ûntspringt yn it Reuzeberchtme en mûnet út yn 'e Noardsee. Har grutste sydrivieren binne de Moldau en de Saale. Yn Nederlân hat de rivier ferneamd west as de Elve.

Rin fan de rivier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Elbe ûntspringt yn it Reuzeberchtme yn Tsjechje. Oer Pardubytsje en Ústí nad Labem rint de rivier nei it westen en komt súdeastlik fan Dresden, Dútslân (dielsteat Saksen) yn. It berchich gebiet oant Dresden hjit de Sächsische Schweiz. Fan Riesa ôf berikt de Elbe it leechlân en begjint de middenrin fan de rivier.

De Elbe by Königstein yn de Sächsische Schweiz

Fia Dessau en Maagdenburg rint de Elbe fierder yn noardwestlike rjochting. By it stêdsje Lauenburch begjint it Elbe-Lubekkanaal, dat de rivier sûnt 1900 mei de Eastsee ferbynt. In bytsje fierder streamôf is der by Geesthacht in keardaam: fan dêr ôf is der getijwurking en begjint de ûnderrin fan de rivier.

Oan de ûnderrin oerhearsket de stêd Hamburch, de grutste stêd oan de Elbe. De Elbe dielt har hjir yn twa tûken op: de Noarderelbe en de Suderelbe, dy't letter wer byinoar komme. It part fan de ûnderrin fan Hamburch oant de Noardsee is bekend as de Niederelbe.

De Elbe by Dönitz

De Elbe mûnet by Cuxhaven fia in estuarium út yn 'e Noardsee. It estuarium berikt by Cuxhaven syn grutste breedte: 15 km. De fuortsetting fan de Elbe yn de Waadsee hjit de Bûtenelbe (Außenelbe).

Yn augustus 2002 hienen grutte dielen fan it streamgebiet fan de Elbe as gefolch fan oerfloedige reinfal te krijen mei earnstige oerstreamings.

Sydrivieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sydrivieren fan de Elbe

Stêden oan de Elbe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Špindlerův Mlýn, Vrchlabí, Dvur Králové nad Labem, Jaroměř, Hradec Králové, Pardubice, Kolín, Poděbrady, Nymburk, Lysá nad Labem, Celákovice, Brandýs nad Labem - Stará Boleslav, Neratovice, Melník, Roudnice nad Labem, Litoměřice, Lovosice, Ústí nad Labem, Děčín, Bad Schandau, Königstein, Pirna, Heidenau, Dresden, Radebeul, Meißen, Riesa, Strehla, Torgau, Lutherstadt Wittenberg, Dessau, Magdeburg, Tangermünde, Wittenberge, Hitzacker, Boizenburg/Elbe, Lauenburg, Geesthacht, Hamburch, Wedel, Glückstadt, Brunsbüttel, Otterndorf, Cuxhaven.