Glückstadt
Glückstadt | ||
Binnenhaven fan Glückstadt | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
kring | Steinburg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.885 (2022) | |
Oerflak | 22.76 km² | |
Befolkingsticht. | 478 ynw./km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Stifting | 1617 | |
Postkoade | 25348 | |
Koördinaten | 53° 47' N 9° 25' E | |
Offisjele webside | ||
www.glueckstadt.de | ||
Kaart | ||
Glückstadt (Deensk: Lykstad) is in stêd yn 'e lânkring Steinburg yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De stêd leit oan 'e rjochter kant fan 'e Elbe, dêr't de Rhin op 'e Elbe útmûnet op likernôch 45 km noardwest fan Altona. Glückstadt is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Hamburch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Glückstadt waard yn 1617 troch de hartoch fan Holstein stifte, kening Kristiaan IV fan Denemark-Noarwegen, dy't dêr diken en fêstingwurken en in residinsje bouwe liet om te konkurrearjen mei it sterke Hamburch. It plak waard neffens de plannen fan de Frânske fêstingarsjitekt Pierre de Perceval (1632-1657) as in Nederlânske fêsting oprjochte en moast in net yn te nimmen fêsting- en havenstêd wurde. De namme Glückstadt en de Fortuna yn it wapen steane symboal foar dat plan: Dat schall glücken und dat mutt glücken, und denn schall se ok Glückstadt heten!.
Kristiaan IV besocht de stêd oantreklik te meitsjen troch de nije bewenners frijheid fan religy te garandearjen. De earste bewenners kamen út de omkriten en krigen belestingfoardieltsjes en om 'e nocht stikken bougrûn. Al gau waarden hja folge troch kalvinisten, remonstranten en minnisten út Nederlân en Sefardyske joaden út Portugal. Hja wiene belangryk foar de ekonomy fan 'e stêd en namen jild, skippen en hannelsrelaasjes oer de hiele wrâld mei nei Glückstadt. Yn it lutherske Holstein wie it katolisisme ferbean en sa kamen ek katoliken nei Glückstadt.
De oanlis fan 'e fêsting sûnt 1619 soe syn nut bewize: Glückstadt bleau yn 'e Tritichjierrige Kriich de iennige fêsting fan Sleeswyk-Holstein, dy't net mei in belis ta kapitulaasje twongen wurde koe.
Bestjoersstêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't it dúdlik waard dat Glückstadt nea de kompetysje mei Hamburch winne koe en der in ein oan 'e Tritichjierrige Kriich kaam, hawwe de measte útlânske ballings Glückstadt wer ferlitten. Dat hie fral te krijen mei de sânbank dy't yn 'e Elbe foar de stêd lei, wylst it djippe soal westlik fan 'e sânbank yn 'e rjochting fan Hamburch wol befarber bleau. Dochs hiene de mennoniten noch oant yn 'e 18e iuw in eigen tsjerke en de Nederlânske tsjerke yn 'e Schlachterstraße wie noch oant 1816 in kalvinistyske tsjerke.
De stêd waard fral in fêsting-, residinsje- en bestjoersstêd. De fêsting hie syn belang bewiisd mei't út de fêsting wei Holstein yn 1644-1645 tsjin Sweden mei sukses ferdigene wie. En dêrom ferhûze yn 1649 de kânselarij fan it regear foar Sleeswyk en Holstein fan Flensburch nei Glückstadt. En ek oare oerheidsynstellings folgen, sadat Glückstadt it bestjoerssintrum waard. Yn 'e stêd waard sûker, sâlt en sjippe produsearre, der wie in oaljemûne, der waarden munten slein en ek wie de walfiskfeart nei Grienlân wichtich. Sûnt 1659 wie Glückstadt ek foar in koart skoft it sintrum fan 'e Afrikaanske Kompanjy, dêr't yn 1671 in ein oan kaam. Ek wie der in Iislânske en in Noarske hannelskompanjy.
Yn 'e rin fan 'e 18e iuw ferlear de fêsting syn strategyske betsjutting en yn 'e jierren 1813-1814 koe de fêsting ek net mear it alliearde belis keare. Denemark wie mei Napoleon ferbûn en yn 'e jierren 1815-1816 waard de fêsting sloopt. Om 't de stêd noch altiten in bestjoerssintrum wie, krige Glückstadt al ier in oansluting op it spoar Altona-Elmshorn-Kiel. Oant de Twadde Deensk-Dútske Kriich bleau Holstein-Glückstadt besit fan 'e Deenske Kroan, mar mei it Deenske ferlies yn 1864 waard it Dútsk. Glückstadt ferlear syn oerheidsynstellings, mar it spoar joech nije mooglikheden foar de ekonomy en as kompensaasje foar it ferlies fan de regearingssit bouden de nije machthawwers yn Sleeswyk-Holstein tusken 1867 en 1874 in dokslús, dy't in grut part fan de haven ûnôfhinklik fan it tij makke.
Weryndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By in weryndieling fan 1 jannewaris 1974 waard de stêd Glückstadt útwreide mei de oanbuorjende gemeenten Blomesche Wildnis, Borsfleth, Engelbrechtsche Wildnis en Herzhorn.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De binnenstêd fan Glückstadt is ryk oan histoaryske monuminten. It 'Brockdorff-Palais' is tsjintwurdich it museum en stedsargyf. Ek it út 1630-1631 boude en yn 1697 yn 'e barokke styl ferboude 'Palais Quasi non Possidentes' hat tsjintwurdich in museäle funksje. By de haven stie eartiids it tusken 1630 en 1710 boude slot fan Glückstadt, dat fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard en dêr't hjoed-de-dei allinne noch in restant fan oerbleaun is.
- De lutherske stedstsjerke is in ienskippich tsjerkegebou út 1618-1623. Oan de tsjerketoer is in anker oanbrocht, dat yn 1630 fan in Hamburchsk kriichsskip ôfkomstich is.
- It riedshûs (Am Markt 4) is oarspronklik yn 1642 yn 'e Kristiaan IV-styl boud en hat in soad oerienkomsten mei it beursgebou fan Kopenhagen. Fanwegen brekfalligens waard it yn 'e jierren 1873-1874 op 'e nij boud.
- It Wasmerpaleis (Königsstraße 36) is in letbarok bouwurk en is fan 'e Switser Andrea Maini tusken 1728 en 1729 mei stúkwurk yn 'e styl fan Loadewyk XIV fersierd.
- Oan in hûs oan de binnenhaven is de Wiebke Kruse-toer oanboud. It tsjintwurdich bot feroare gebou wie in geskink fan kening Kristiaan oan Wiebke Kruse (yn it Deensk: Vibeke Kruse), dêr't de kening grut mei wie.
- Oan 'e haven foarmet de bebouwing in lange rige monuminten mei û.o. it sâltpakhûs en it keninklike brêgehûs, in lyts fakwurkhûs dat ea by in brêge hearde dat it slot mei it park ferbûn.
- De Admiraliteit fan Glückstadt (Am Rethövel 14) hat in sânstiennen portaal en wurdt tsjintwurdich as jeugdherberch brûkt.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Detlefsen Museum Glückstadt, Am Fleth 43
- Paleis foar aktuele Keunst, Am Hafen 46
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Lutherske tsjerke
-
Sâltpakhûs oan 'e binnenhaven
-
Fakwurkhûs, Am Fleth
-
Haven
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Glückstadt.
|