Altona
Altona | ||
Stedhûs mei monumint foar ferdwûne joaden | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Hamburch | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 259.897 (2013) | |
Oerflak | 77 km² | |
Befolkingsticht. | 3.148 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1535 | |
Tiidsône | CET/CEST (UTC+1/+2) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.hamburg.de/altona |
Altona is it westlike distrikt fan de stêd Hamburch yn Dútslân oan de rjochterouwer fan de Elbe. It hat in lytse 250.000 ynwenners (2006).
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Altona waard stifte yn 1535 as fiskersdoarp. Yn 1664 krige it stedsrjochten fan Freark III fan Denemark. Oant 1864 wie Altona ien fan de wichtichste Deenske havenstêden. It earste Deenske spoar, fan Altona nei Kiel waard iepene yn 1844. Yn 1867 waard Altona diel fan Prusen. Yn 1938 waard it opnaam yn de stêd Hamburch neffens de Grut-Hamburchwet. It makket noch altiten diel út fan dizze hânzestêd dy't ek in eigen dielsteat foarmet. De namme komt boppedat noch foar yn it treinstasjon Hamburg-Altona. Op 17 july 1932 kaam Altona yn it nijs troch in gewelddiedige rebûlje, de Bluodderige Snein fan Altona, tusken nazys en kommunisten dat oan 18 minsken it libben koste hat.
Ynwennertaltal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
|
Berne yn Altona
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Carl Reinecke (1824-1910), komponist, dirigint en pianist
- Axel Springer (1912 -1985), sjoernalist en útjouwer