Springe nei ynhâld

Kristiaan IV fan Denemark

Ut Wikipedy
Kristiaan IV fan Denemark
aadlik persoan en/of hearsker
Kristiaan IV
Kristiaan IV
bertedatum 12 april 1577
berteplak Slot Frederiksborg
stjerdatum 28 febrewaris 1648
stjerplak Kopenhagen
dynasty Hûs Oldenburg
Kening fan Denemark
regear 1588-1648
Kening fan Noarwegen
regear 1588-1648
Hartoch fan Sleeswyk
regear 1588-1648
Hartoch fan Holstein
regear 1588-1648

Kristiaan IV (Frederiksborg, 12 april 1577 – Kopenhagen, 28 febrewaris 1648) wie fan 1588 oant syn dea yn 1648 kening fan Denemark en Noarwegen en hartoch fan Holstein en Sleeswyk. Syn regear duorre 59 jier en 330 dagen en dêrmei is Kristiaan IV de langst regearende foarst fan alle Skandinavyske monarchen, al waard it bestjoer yn 'e earste acht jier troch reginten waarnommen.

Kristiaan IV wie de soan fan kening Freark II en Sofia fan Mecklenburch-Güstrow.

Berte en famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristiaan waard op 12 april 1577 berne op it kastiel Frederiksborg as tredde bern en âldste soan fan kening Freark II fan Denemark-Noarwegen en Sofie fan Mecklenburch-Schwerin. Fan syn memmekant stamde er fan kening Jehan fan Denemark ôf en dêrmei wied er sûnt de ôfsetting fan kening Kristiaan III de earste ôfstammeling fan kening Jehan dy't foarst waard.

Yn dy tiid wie Denemark in monarchy dêr't de kening keazen waard. Dus Kristiaan wie as âldste soan net automatysk troanopfolger. Mar Noarwegen dêrfoar oer wie in erflike monarchy en mei de kar fan immen oars as de âldste soan soe in ein oan 'e uny betsjutte. Syn heit hie him lykwols yn 1580, doe't er trije wie, keazen as prins en opfolger fan 'e troan fan Denemark.

Kening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't syn heit ferstoar op 4 april 1588 wie Kristiaan noch mar 10 jier. Hy folge syn heit op, mar om't er noch te jong wie naam in reginteried ûnder lieding fan kânsler Niels Kaas it regear waar. Syn mem, dy't 30 jier wie woe ek in rol spylje yn it regear, mar dat waard troch de ried ôfwiisd. By de dea fan Niels Kaas yn 1594 folge Jørgen Rosenkrantz him op.

Kroaning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kroaning fan Kristiaan IV yn 1596

Kristiaan folge in stúdzje oan 'e Sorø Akademy, dêr't er de reputaasje fan in eigensinnich en talintearre studint hie.

De reginteried naam yn 1595 it beslút dat Kristiaan al gau âld genôch wie om sels de leije fan it regear yn hannen te nimmen. Op 29 augustus 1595 waard Kristiaan IV yn 'e Leaffrouwetsjerke fan Kopenhagen kroand troch de biskop fan Seelân, Peder Jensen Vinstrup (1549–1614).

Brulloft[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristiaan IV en Anne Katharina

Op 28 novimber 1597 troude Kristiaan IV mei Anne Katharina fan Brandenburch, in dochter fan Joachim Friedrich, merkgreve fan Brandenburch en hartoch fan Prusen. Hja ferstoar fjirtjin jier letter en joech him seis bern:

  • Freark (berne 15 augustus 1599- ferstoarn 9 septimber 1599)
  • Kristiaan (berne 10 april 1603- 2 juny 1647)
  • Sofie (berne 4 jannewaris 1605-ferstoarn 7 septimber 1605)
  • Elisabeth (berne 16 maart 1606-ferstoarn 24 oktober 1608)
  • Freark III (berne 1609-1670)
  • Ulrik (berne 2 febrewaris 1611- ferstoarn 11 augustus 1633), biskop fan Schwerin.

Syn earste soan Freark ferstoar al gau nei berte. Syn twadde soan, dy't him opfolgje soe, ferstoar al foar't de kening ferstoar, sadat syn tredde soan Freark III him opfolge.

Noch foar de dea fan 'e keninginne yn 1612 hie de kening al in relaasje mei Kirsten Madsdatter en by har krige er de soan Kristiaan Ulrik Gyldenløve (3 febrewaris 1611–6 oktober 1640). Mei Karen Andersdatter krige er twa (mooglik trije) bern, fan wa't allinne Hans Ulrik Gyldenløve folwoeksen waard. As widner hold er it mei ferskillende froulju tagelyk en dat joech sa'n soad lilkens, dat syn mem en susters easken dat er it by ien hâlde moast.

Kirsten Munk en Kristiaan IV

Doe learde Kristiaan Kirsten Munk kennen en hy waard hielendal sljocht op har. Hja wie fan lege adel en it wie har mem dy't har ta in houlik mei Kristiaan oansette, mar it wie leafde fan ien kant. Hja joech neat om de kening, mar hja rekke swier fan it iene nei it oare bern en nei hja him 11 bern skonken hie, fan wa't de lêsten deaberne wiene, waard hja sels fereale op Otto Ludwich fan Salm. Kirsten makke fierder gjin geheim fan har relaasje mei de Dútser en provosearre Kristiaan sûnder skamte. Hja krige yn 1629 noch in lêste bern, Dorothea Elisabeth, mar de kening wist dat hy net de heit wêze koe. Ferskillende konfrontaasjes folgen en de kening ferballe har fan it hôf. Sûnder immen te groeten gie hja fuort nei it slot Boller yn Horsens, dêr't hja ûnder hûsarrest stie. Hja soe Kristiaan nea wer sjen.

Kirsten Munk besocht mei har mem de eigen skande te bemanteljen troch Vibeke Kruse yn 'e kunde te bringen mei de kening, in tsjinstfaam dy't earder dien krige hie fan Kirsten Munk. By Vibeke soe de kening oant syn dea bliuwe en mei har krige Kristiaan twa bern: Ulrik Christian Gyldenløve en Elisabeth Sofie.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kiste fan Kristiaan IV yn 'e domtsjerke fan Roskildee

Kristiaan IV ferstoar op 28 febrewaris 1648 op it Slot Rosenborg en waard yn 'e domtsjerke fan Roskilde byset. Hy waard opfolge troch syn âlde noch libjende soan Freark III.

Bewâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kening Kristiaan IV stifte yn 1616 de Deenske Eastyndyske Kompanjy. Ek organisearre er in pear maritime ekspedysjes. Hy stjoerde admiraal Gjedde bylâns de Afrikaanske kust nei Seylon en stifte in Deenske koloanje yn Yndia, de hannelspost Tranquebar.

Yn 1626 namen de Denen aktyf diel yn 'e Tritichjierrige Kriich om syn neef Kristiaan fan Braunschweig-Wolfenbüttel te helpen tsjin de Habsburgers. Kristiaan koe dat sûnder tastimming fan it Deenske parlemint dwaan, de Rigsdagen, om't er ek hartoch fan Holstein wie, dat ûnderdiel wie fan it Hillige Roomske Ryk. Mei de Frede fan Lübeck (1629) einige foar Denemark de Tritichjierrige Kriich.

Bouaktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristiaan IV stiet bekend om it grutte tal stêden dat er stifte. Nei alle gedachten is Kristiaan IV de foarst dy't fan alle Skandinavyske foarsten de measte nije stêden stifte. De stêden binne:

  • Christianopel, no Kristianopel yn Sweden. Stifte yn 1599 yn Blekinge as in garnizoensstêd tichteby de Deensk-Sweedske grins yn wat doe Deensk grûngebiet wie.
  • Christianstad, no Kristianstad yn Sweden. Stifte yn 1614 yn it doe Deenske gebiet Skåne.
  • Glückstadt, no yn Dútslân, stifte yn 1617 as rivaal fan Hamburch yn it doe Deenske Holstein.
  • Christianshavn, no ûnderdiel fan Kopenhagen. Stifte yn 1619 as fort/garnizoensstêd.
  • Konningsberg (Keningsberch), no Kongsberg yn Noarwegen, stifte yn 1624 nei it ûntdekking fan sulvererts.
  • Christiania, no de Noarske haadstêd Oslo. Nei in brân yn 1624 joech de kening opdracht de âlde stêd Oslo nei in plak tichterby it fort Akershus te ferhûzjen en doopte it om yn Christiania. Yn 1877 waard de stavering feroare yn Kristiania en yn 1924 wer yn Oslo omneamd. De oarspronklike stêd fan Kristiaan wurdt no Kvadraturen neamd.
  • Christian(s)sand, no Kristiansand yn Noarwegen. Stifte yn 1641 om de hannel yn it suden fan Noarwegen te befoarderjen.
  • Røros (Noarwegen). Stifte nei't dêr kopererts ûntdutsen waard.

In tydlike stifting wie Christianspris, no yn Sleeswyk, Dútslân. Stifte as garnizoensstêd by Kiel yn it doe noch Deenske Holstein.

Fierders hat Kristiaan opdracht jûn ta de bou fan in tal grutte projekten. Yn Kopenhagen waarden ûnder syn bewâld it slot Christiansborg, it simmerferbliuw Rosenborg, de Rûne Toer (de âldste noch wurkjende stjerrewacht fan 'e wrâld), de fêsting, it Kastellet, de Holmens kirke en it Beursgebou boud. De wyk Christianshavn waard ek troch him stifte. Ek liet er it kastiel Kronborg yn Helsingør ta in fêsting útbouwe. As kristen liet er yn 'e measte gebouwen it godlike tetragrammaton oanbringe.

Foarâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarâlden fan Kristiaan IV fan Denemark
Oerpakes en -beppes Freark I fan Denemark (1471-1533)

Anna fan Brandenburch (1487-1514)
Magnus I fan Saksen-Lauenburg (1470-1543)

Katharina fan Braunschweig-Wolfenbüttel (1488-1563)
Albrecht VII fan Mecklenburch-Güstrow (1486-1547)

Anna fan Brandenburch (1507-1567)
Freark I fan Denemark (1471-1533)

Sofia fan Pommeren (1498-1568)
Pakes en beppes Kristiaan III fan Denemark (1503-1559)
∞ 1525
Dorothea fan Saksen-Lauenburg (1511-1571)
Ulrik fan Mecklenburch-Güstrow (1527-1603)

Elisabeth fan Denemark (-)
Heit en mem Freark II fan Denemark (1534-1588)
∞ 1572
Sofia fan Mecklenburch-Güstrow (1557-1631)
Kristiaan IV fan Denemark (1577-1648)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:Christian IV of Denmark.