Kristiansand
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Kristansand | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 82.469 (2011) | |
Oerflak | 277 km² | |
Befolkingstichtens | 298 / km² | |
Hichte | m | |
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Vest-Agder | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Webside | Offisjeel webstee |
Kristiansand is in stêd yn Noarwegen. It is de haadstêd fan de provinsje (yn it Noarsk fylke) Vest-Agder. De stêd leit oan de kust, by de mûning fan de rivier de Otra, yn it fierste suden fan it lân.
Kristiansand is in relatyf jonge stêd, dy't yn 1641 troch de Deenske kening Kristiaan IV stifte waard. It sintrum fan de stêd, kvadraturen, wurdt skaaimerke troch in folslein rjochthoekich strjittepatroan.
As 'haadstêd fan it Suden' lûkt it plak in soad fakânsjegongers út Noarwegen. By de stêd leit in bistetún, Dyreparken, dêr't ek in attraksjepark oan keppele is. Alle jierren yn july wurdt it festival Quart holden, ien fan de grutte festivals yn Noarwegen.
Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Kristiansand[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Anton Jörgen Andersen, Komponist
- Jens Bjørneboe, skriuwer
- Camilla Collett, skriuwster
- Mette-Marit fann Noarwegen, frou fan de Noarske kroanprins
- Agnes Kittelsen, aktrise
- Petter Rudi, fuotballer
- Fredrik Strømstad, fuotballer
- Andreas Thorkildsen, atleet, wrâldkampioen
- Henrik Wergeland, dichter
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kristiansand fan Wikimedia Commons. |