Stavanger
Stavanger | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 126.469↑ (2011) | |
Oerflak | 71 km² | |
Befolkingstichtens | 1.781,3 / km² | |
Stêdekloft | 297.562 114,5 /km² | |
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Rogaland | |
Distrikt | Jæren | |
Oar | ||
Stifting | 1125 (stedsrjocht) | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Koördinaten | ||
Webside | Gemeente Stavanger |
Stavanger ([staˈvaŋər]?) is in stêd en gemeente yn it súdwesten fan Noarwegen en de haadstêd fan de provinsje Rogaland. Stavanger is it sintrum fan de oalje-yndustry yn Noarwegen en is dêrtroch bot groeid yn de jierren '70 fan de 20e iuw. Ferskate grutte oaljemaatskippijen hawwe kantoaren yn de stêd, dy't sadwaande in ynternasjonaler karakter krigen hat. Ek it Joint Warfare Center fan de NATO húsmannet yn Stavanger.
It gebiet hat in seeklimaat, mei in protte delslach en yn trochsneed in temperatuer boppe nul, it hiele jier troch.
De gemeente Stavanger hie 117.315 ynwenners yn 2007. De agglomeraasje mei de oanswettende gemeenten Sandnes, Sola en Randaberg hie doe goed 170.000 ynwenners.
De Domtsjerke fan Stavanger yn it âlde sintrum (Gamle Stavanger) is de âldste katedraal fan Noarwegen. De twa meast populêre rekreaasjegebieten lizze oan de marren yn de omkriten, nammentlik Mosvatnet en Stokkavatnet. Der binne strannen.
Tegearre mei Liverpool wie Stavanger yn 2008 Kulturele haadstêd fan Europa.
Stedsdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stedsdiel | Befolking[1] |
---|---|
Hundvåg | 12 631 |
Tasta | 13 665 |
Eiganes og Våland | 20 806 |
Madla | 28 285 |
Storhaug | 13 428 |
Hillevåg | 18 463 |
Hinna | 20 008 |
Som | 119 586 |
Berne yn Stavanger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Cornelis Cruys (17 juny 1655), heal-Nederlânske fice-admiraal fan de Russyske float
- Jan Egeland (22 novimber 1957), politikus en FN-diplomaat.
- Erik Nevland, (10 novimber 1977) âld-fuotballer fan FC Groningen, no útkommend foar Viking Stavanger FK
- Carmen Elise Espenæs (30 septimber 1983), sjongeres fan de folkmetalgroep Midnattsol
- Tonje Nøstvold (7 maaie 1985), hânbalster
- Camilla Herrem (8 oktober 1986), hânbalster
Partner-stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fjarðabyggð (Yslân), Esbjerg (Denemark), Jyväskylä (Finlân), Eskiltuna (Sweden), Aberdeen (Skotlân), Houston (Teksas, VS), Estelí (Nikaragûa), Netanya (Israel), Nablûs (Palestina) en Antsirabe (Madagaskar)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stavanger fan Wikimedia Commons. |