Springe nei ynhâld

Netanya

Ut Wikipedy
Netanya
נְתַנְיָה
Bestjoer
Lân Israel
Boargemaster Miriam Feirberg Ikar
Sifers
Ynwennertal ↑183.200 (2009)
Oerflak 28,45 km²
Befolkingsticht. 6.291 / km²
Hichte 35 m
Oar
Stifting 18 febrewaris 1929
Tiidsône (UTC+)
Simmertiid (UTC)
Offisjele webside
www.netanya.muni.il
Embleem fan Netanya

Netanya (Hebriuwsk: נתניה) is in stêd yn westlik Israel, oan de Middellânske See. Yn 2004 hie de stêd sa'n 169.400 ynwenners. Netanya leit likernôch 32 kilometer benoarden Tel Aviv en 63 kilometer besuden Haifa. It is de haadstêd fan it subdistrikt Netanya en de grutste stêd yn de regio Sharon.

De stêd is relatyf jong; se is yn 1929 stifte as in mosjava, en ferneamd nei Nathan Strauss, in joadsk-Amerikaansk filantroop dy't twatredde fan syn persoanlik besit skonk oan projekten dy't sawol Joaden as Arabieren yn Palestina te'n goede kamen.

Fanwege in geunstich klimaat en in moai strân is it in populêre fakansjebestimming dy't goede ferbinings hat mei plakken as Tel-Aviv en Haifa.

It Kikar ha'atsmaoet ('plein fan de ûnôfhinklikens') leit tichteby it 11 km lange strân. It is dêr grien en dêr binne fontinen. Fierders sitte dêr winkeltsjes en horekagelegenheden. De haadstrjitte, Herzl, komt op it plein út.

De stêd leit op it smelste punt fan it lân; de Westlike Jordaanouwer begjint al sa'n 10 kilometer beëasten de stêd.

It besjen wurdich yn Netanya

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 900 jier âlde Figebeam yn Netanja
  • Amfiteater by it strân
  • Caesarea, in archeologysk fynplak, net fier fan Netanya
  • Merk
  • It stedsdiel Ne'ot Herzl hat in beskerme, 900 jier âlde Wylde Figebeam (Ficus sycomorus), dy't al yn âlde geskriften neamd wurdt.
De wyk Poleg yn súd-Netanya