Bergen (Noarwegen)

Ut Wikipedy
Bergen
Bergen
Bergen
Wapen
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Vestland
Gemeente Bergen
Sifers
Oerflak 465,32 km2
dêrfan lân 444,68 km2
dêrfan wetter 20,64 km2
Ynwennertal 285.911 (2021)
Befolkingstichtens 629 inw./km
Oar
Stifting 1070
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten
Offisjele webside
Bergen Kommune
Kaart
Bergen (Noarwegen)
Bergen

Bergen is in stêd en gemeente yn de Noarske provinsje Vestland en teffens de twadde stêd fan Noarwegen. De gemeente telde yn 2021 sa 'n 285.911 ynwenners.

Bergen wurdt de stêd tusken de sân bergen, de syv fjell, neamd. Ien fan de bergen dêr 't de stêd dizze namme oan tanket is Fløyen. Fân dy berg ôf ha je útsjoch oer de stêd. Om op de top te kommen kin gebrûk makke wurde fan in kabeltrein, Fløibanen. De heechste fan de sân bergen is Ulriken mei 643 meter.

Bryggen, is it midsiuwske bestoerssintrum en de kearn fan Bergen, it leit oan de baai Vågen en stiet sûnt 1979 op de UNESCO-Wrâlderfgoedlist.

De stêd is in populêr begjinpunt foar fakânsjegongers dy 't de Noarske fjorden, bergen en gletsjers sjen wolle. Dizze stêd is it súdlike begjin- en einpunt fan de Hurtigruten, (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst lâns de Noarske westkust.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bergen waard neffens de oerlevering yn 1070 stifte troch kening Olav Kyrre. Oant 1299 wie Bergen de haadstêd fan Noarwegen. Tsjin de ein fan de 13e iuw krige it in promininte rol yn it Hânzeferbûn as Kontor. Utlânske hannelers kochten benammen Stokfisk yn Bergen.

Yn 1665 fûn yn de Twadde Ingelsk-Nederlânske kriich de Slach yn 'e Baai fan Bergen plak, tusken in Ingelske kriichsfloat oan de iene kant en in Nederlânske keapfardij- en kriichsfloat út East-Ynje en it Noarske garnizoen fan Bergen oan de oare kant.

De Ingelsken waarden úteinlik ferslein en moasten harren skippen weromlûke, mar ferlearen gjin skippen. In kanonskûgel dy't ûnder de slach ynsloech yn de Domtsjerke fan Bergen is hjoed-de-dei noch hieltyd te sjen.

Op 20 april 1944 rekke in part fan de histoaryske binnenstêd om it havengebiet hinne swier skansearre troch in eksploazje op de troch de Dútsers yn 1943 foardere en omboude Nederlânske fiskersboat VL 103 Voorbode, dy't troch de Dútsers folpakt wie mei dynamyt. Der kamen 158 minsken by om it libben en der foelen 4.800 ferwûnen, benammen boargers. Nei de eksploazje waarden 4.260 bern evakuearre.

Bergen wie oant 1972 in aparte provinsje (fylke) oant de gemeente gearfoege waard mei de buorgemeenten Arna, Åsane, Fana en Laksevåg yn de provinsje Hordaland. De provinsje Hordaland gie op syn bar yn 2020 op yn de provinsje Vestland.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad bekende bands, wêrfan guon ynternasjonaal trochbrutsen binne, komme út Bergen. De bands Röyksopp en Kings of Convenience binne bygelyks bekend wurden yn dizze stêd. Sy meitsje diel út fan de saneamde Bergensbølgen, de "Bergense golf". Bergen jildt as in bakermatte fan blackmetal. In protte pioniers fan dit subsjenre fan metal binne oprjochte yn Bergen, wêrûnder Immortal, Burzum, Gorgoroth, Borknagar en Taake.

Bergen is de bertestêd fan de komponist Edvard Grieg en de Deensk-Noarske skriuwer Ludvig Holberg. It filharmoanysk orkest van Bergen is yn 1756 oprjochte en is ien fan de âldste orkesten fan 'e wrâld.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bergen leit oan de westkust fan Noarwegen en is bekend fanwege de protte rein dy't dêr falt (trochstrings 2250 mm it jier). Alle jierren yn oktober wurdt it Reinfestival fierd. Dan is der in reinjas- en parapluparade. De stêd hat in protte parapluautomaten en dat is net om 'e nocht.

Berne yn Bergen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: