Sintraal-Jeropa
Sintraal-Jeropa of Midden-Jeropa is it gebiet dat tusken East-Jeropa en West-Jeropa yn leit. Yn guon definysjes oerlappe de gebieten elkoar, ek mei Noard-Jeropa, Súd-Jeropa en Súdeast-Jeropa. De term wurdt wer brûkt sûnt de ein fan de Kâlde Kriich, dy’t Jeropa yn East en West ferdield hie mei it Izeren Gerdyn, wêrtroch “Sintraal-Jeropa” yn twaen snien waard.
De definysjes fan Sintraal-Jeropa ferskille fan elkoar. Sintraal-Jeropa wurdt wol definearre nei in histoaryske, etnyske, politike of geografyske eftergrûn.
Op it stuit sjocht de definysje fan Sintraal-Jeropa der sa út:
- Alpenlannen:
Utsein Lychtenstein en Switerslân binne alle lannen fan Sintraal-Jeropa lidsteat fan de Jeropeeske Uny.
Ek oare definysjes wurde wol brûkt. De neikommende lannen of gebieten fan lannen wurde om histoaryske en kultuerele redenen ek wol ta Sintraal-Jeropa rekkene.
- Kroaasje (útsein Ystrië en Dalmaasje, somtiden wol it heule lân)
- Roemeenje (Transsylvaanje en Bûkovina, somtiden it heule lân)
- Servje (Vojvodina)
- de Oekraïne (de Oblast Zakarpattia en eardere Galyske gebieten)
- Ruslân (de Oblast Kalinigrad)
- Frankryk (de Elsas en Lotaringen)
- Itaalje (Súd Tirol, ek wol it heule noardeasten fan Itaalje)
Yn guon definysjes, yn bygelyks Meyers Grosses Taschenlexikon, wurde ek Nederlân, Belgje en Lúksemboarch ta Sintraal-Jeropa rekkene.