Wrâldbank

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It gebou fan de Wrâldbank yn Washington

De Wrâldbank is it grutste ynstitút foar ûntwikkelingsgearwurking. It ferstrekt lieningen oan ûntwikkelingslannen en middenynkommenslannen, mei as foarnaamste doel it bestriden fan earmoede. De ynternasjonale bank is technysk in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.

De finansjele stipe fan de Wrâldbank wurdt brûkt foar meardere saken, fan strukturele herfoarmingen fan de sûnens- en ûnderwiissektor fan in lân, oant miljeu- en ynfrastruktuerprojekten lykas damen, wegen en nasjonale parken. Dêrby stelt de Wrâldbank stringinte easken oan har kliïnten: saneamde strukturele oanpassingen wurde fereaske, wêrûnder antikorrupsjemaatregelen en fiergaande privatisearring fan oerheidstsjinsten.

Oersjoch fan presidinten fan de Wrâldbank[bewurkje seksje | edit source]

De hjoeddeiske Presidint fan de Wrâldbank Robert Zoellick
Namme Nasjonaliteit Termyn
Eugene Meyer Amerikaan juny 1946 - desimber 1946
John McCloy Amerikaan maart 1947 - juny 1949
Eugene Black Amerikaan 1949 - 1963
George D. Woods Amerikaan jannewaris 1963 - maart 1968
Robert McNamara Amerikaan april 1968 - juny 1981
Alden W. Clausen Amerikaan july 1981 - juny 1986
Barber Conable Amerikaan july 1986 - augustus 1991
Lewis Preston Amerikaan septimber 1986 - maaie 1995
James Wolfensohn Amerikaan 1 july 1995 - 31 maaie 2005
Paul Wolfowitz Amerikaan 1 juny 2005 - 30 juny 2007
Robert Zoellick Amerikaan sûnt 1 july 2007

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]