Springe nei ynhâld

Dresden

Ut Wikipedy
Dresden
Stedsdistrikt Dresden yn Saksen
Stedsdistrikt Dresden yn Saksen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Saksen
Distrikt Stedsdistrikt Dresden
Boargemaster Helma Orosz (CDU)
Sifers
Ynwennertal 529.781 (2011)
Oerflak 328,30 km²
Befolkingsticht. 1614 / km²
Stêdekloft 1.143.197
Hichte 113 m
Oar
Postkoade 01067–01328
Tiidsône (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Offisjele webside
www.dresden.de

Dresden is in stêdsdistrikt (kreisfreie Stadt) oan de rivier de Elbe. Dresden is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Saksen.

Sûnt 1485, doe't de regearende famylje Wettin har dêr fêstige, waard Dresden in wichtige stêd. Under foarst August de Sterke waard de stêd yn de 18e iuw in keunst- en kultuersintrum. Troch de protte barok- en rokokoarsjitektuer krige de stêd de bynamme Elbflorenz (Florâns oan de Elbe). Nei 1889 wie Dresden troch Heinrich Ernemann ít plak foar de Jeropeeske fotografyske yndustry. In soad technologyske fernijings kamen hjirwei lykas de earste ieneagige lytsbyld (24 x 36 mm) spegelreflekskamera fan de wrâld. Fierders wie Dresden yn de 20e iuw thúshaven fan it VEB Pentacon fabryk dy't ûnder mear de Praktica makke. Begjin 20e iuw waard de keunstnersgroep Die Brücke yn Dresden oprjochte. Yn 1908 waard it Universeel Esperantokongres hâlden.

Bombardemint op Dresden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nacht fan 13 op 14 febrewaris 1945 waard Dresden ferwoaste troch in Britsk bombardemint. Mear as 25.000 boargers kamen om en 75.000 wenningen ferdwûnen fan de kaart. De ekstreem hjitte flammesee feroarsake in fjoerstoarm dy't minsken de flammen ynsûge. Histoarisy binne it net iens oer de aard fan it bombardemint. Gie it om wraak of om in sinleaze oanfal op boargerdoelen, lykas de Dútske histoarikus Jörg Friedrich yn syn Der Brand beskriuwt? Of wie Dresden in strategysk doelwyt wêrby't allinnich in bombardemint de Twadde Wrâldoarloch beëinigje koe, sa't de Brit Frederick Taylor suggerearet yn 'Dresden, tiisdei 13 febrewaris 1945'? Of wie it bombardemint in produkt fan in doldraaide militêre burokrasy, in de sin fan 'wat sille we hjoed ris dwaan' lykas Kurt Vonnegut, in Amerikaan dy't as kriichsfinzene it bombardemint meimakke, yn ‘Slaughterhouse 5’ skreaun hat?

Dizze ferwoasting wie net de ienige dy't de stêd teheistere:

  • Yn 1760 ferwoaste troch in kanonnebesjitting yn de sânjierrige oarloch;
  • Yn 1849 troch it ûnderdrukken fan in opstân foar in grûnwet, it Dresdener oproer;
  • Yn 1491 ferwoaste troch in grutte brân;
  • Yn augustus 2002 teisteren oerstreamings de stêd, in gefolch fan de soad rein yn it streamgebiet fan de Elbe

Nei de Twadde Wrâldoarloch woenen de kommunistyske autoriteiten Dresden ombouwe ta in sosjalistyske metropoal. Dat hâld yn dat hast alle ruïnes yn it stêdssintrum oprêden waarden. Histoarysk weardefolle gebouwen waarden sloopt, nettsjinsteande guon protesten, lykas de Sophienkirche dy't yn 1962 ôfbrutsen waard. In pear histoaryske gebouwen waarden werboud lykas de Zwinger en de Semperopera. De ruïnes fan de Frauenkirche bleauwen stean as in monumint.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Frauenkirche
Dresden yn jûnljocht

In 18 kilometer lang gedielte fan it dal fan de Elbe, wêrûnder ek in gedielte fan Dresden, is troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.

  • Altstadt, mei: Innere Altstadt, Friedrichstadt, Johannstadt, Pirnaische Vorstadt, Seevorstadt, Wilsdruffer Vorstadt
  • Neustadt, mei: Albertstadt, Äußere Neustadt, Innere Neustadt, Leipziger Vorstadt, Radeberger Vorstadt
  • Pieschen, met: Pieschen, Trachenberge, Mickten, Kaditz, Trachau, Übigau
  • Klotzsche, mei: Klotzsche, Hellerau, Hellerberge, Wilschdorf
  • Loschwitz, mei: Loschwitz, Weißer Hirsch, Rochwitz, Wachwitz, Niederpoyritz, Hosterwitz, Söbrigen, Oberpoyritz, Bühlau, Pillnitz, Dresdner Heide
  • Blasewitz, mei: Blasewitz, Striesen, Tolkewitz, Gruna, Dobritz, Seidnitz
  • Leuben, mei: Leuben, Laubegast, Alttolkewitz, Kleinzschachwitz, Zschieren, Meußlitz, Großzschachwitz, Sporbitz, Niedersedlitz, Dobritz
  • Prohlis, mei: Großluga, Kleinluga, Kauscha, Leubnitz-Neuostra, Lockwitz, Nickern, Niedersedlitz, Prohlis, Reick, Strehlen, Torna, Teile
  • Plauen, mei: Plauen, Südvorstadt, Coschütz, Gittersee, Kaitz, Kleinpestitz, Mockritz, Gostritz, Räcknitz, Zschertnitz
  • Cotta, mei: Briesnitz, Kemnitz, Stetzsch, Cotta, Omsewitz, Leutewitz, Gorbitz, Wölfnitz, Löbtau, Naußlitz, Roßthal, Dölzschen
  • Altfranken
  • Cossebaude, mei: Gohlis, Niederwartha, Cossebaude, Neu-Leuteritz
  • Gompitz, met: Gompitz, Ockerwitz, Pennrich, Roitzsch, Steinbach, Zöllmen, Unkersdorf
  • Langebrück
  • Mobschatz, mei: Alt-Leuteritz, Brabschütz, Merbitz, Mobschatz, Podemus, Rennersdorf
  • Oberwartha
  • Schönborn
  • Schönfeld-Weißig, mei: Borsberg, Cunnersdorf, Eichbusch, Eschdorf, Gönnsdorf, Helfenberg, Krieschendorf, Malschendorf, Pappritz, Reitzendorf, Rockau, Rossendorf, Schönfeld, Schullwitz, Weißig, Zaschendorf
  • Weixdorf, mei: Weixdorf, Marsdorf, Lausa, Friedersdorf, Gomlitz

Ferneamde ynwenners fan Dresden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Dresden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earne oars berne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Landkreise en Kreisfreie Städte fan Saksen Flagge fan Saksen

Bautzen - Chemnitz - Dresden - Erzgebirgskreis - Görlitz - Leipzig (stêd) - Leipzig - Meissen - Midsaksen - Noardsaksen - Sächsische Schweiz-Osterzgebirge - Vogtlandkreis - Zwickau

· · Berjocht bewurkje