Kurt Vonnegut

Ut Wikipedy
Kurt Vonnegut yn 1940
Kurt Vonnegut yn 1972

Kurt Vonnegut Jr. (Indianapolis (Indiana), 11 novimber 1922New York (New York), 11 april 2007) wie in Amerikaansk skriuwer en skilder. Slaughterhouse-Five is sûnder mis syn meast ferneamde wurk; satire, swarte humor en science fiction hat er dêryn fermingd.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kurt Vonnegut wie de jongste fan trije bern. Heit, Kurt Sr., wie arsjitekt. Mem Edith, kaam út in begoedige famylje fan brouwers.

Vonnegut studearre oan de Cornell University dêr't Thomas Pynchon ek ûnderjoch krige.

Hy skreau benei tweintich romans, faak bestsellers, mar ek koarte ferhalen, essays en toanielstukken. Syn meast ferneamde boek is Slaughterhouse-Five oer it bombardemint op Dresden yn 1945, dêr't Vonnegut sels by wie doe't er kriichsfinzene wie.

Nettsjinsteane syn súkses hie Vonnegut lest fan depresjes; yn 1984 besocht er om himsels tekoart te dwaan.[1]

Vonnegut wie troud mei Jill Krementz. Hy stoar april 2007 nei in fal fan in trep yn syn hûs yn New York, in tal wiken earder, oan breinskea.[2]

Tema's en styl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sintraal tema yn syn wurk is de futiliteit fan alle minsklik krewearjen. Vonnegut kombinearre in, sa't it like, ienfâldige skriuwstyl mei swarte humor en satire.

Vonnegut brocht syn tinken faak oer fia it yn ferskate romans weromkommende personaazje Kilgore Trout, in skriuwer fan absurde- en sciencefictionferhalen. Hy makke de yllustraasjes fan syn boeken sels, mei ienfâldige faak op graffiti lykjende tekeningen, dy't somtiids tinke dogge oan it wurk fan Keith Haring en Paul Klee.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Player Piano (1952)
  • The Sirens of Titan (1959)
  • Mother Night (1961)
  • Cat's Cradle (1963)
  • God Bless You, Mr. Rosewater, or Pearls Before Swine (1965)
  • Slaughterhouse-Five, or The Children's Crusade (1969)
  • Breakfast of Champions, or Goodbye, Blue Monday (1973)
  • Slapstick, or Lonesome No More (1976)
  • Jailbird (1979)
  • Deadeye Dick (1982)
  • Galápagos (1985)
  • Bluebeard (1987)
  • Hocus Pocus (1990)
  • Timequake (1997)

Koarte-ferhalebondels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Canary in a Cathouse (1961)
  • Welcome to the Monkey House (1968)
  • Bagombo Snuff Box (1999)

Essay's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wampeters, Foma and Granfalloons (1974)
  • Palm Sunday by Kurt Vonnegut, An Autobiographical Collage (1981)
  • Fates Worse than Death (1991)
  • God Bless You, Dr. Kevorkian (1999)
  • A Man Without a Country (2005)

Toanielstikken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Happy Birthday, Wanda June (1970)
  • Between Time and Timbuktu, or Prometheus Five (introductie door Vonnegut) (1972)
  • Make Up Your Mind (1993)
  • Miss Temptation (1993)
  • L'Histoire du Soldat (1993)

Ferfilmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Happy Birthday, Wanda June (1971)
  • Slaughterhouse-Five (1972)
  • Slapstick (1982)
  • Who Am I This Time? (1982)
  • Harrison Bergeron (1995) (telefyzje)
  • Mother Night (1996)
  • Breakfast of Champions (1999)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schrijver Kurt Vonnegut overleden, de Volkskrant, 12 april 2007
  2. Kurt Vonnegut, Novelist Who Caught the Imagination of His Age, Is Dead at 84, The New York Times, 12 april 2007